Advokaat fan fertochte moardsaak Mûnein wol rekonstruksje

04 feb 2021 - 11:26

De advokaat fan de 27-jierrige man dy't derfan fertocht wurdt dat hy ôfrûne simmer yn Mûnein in persoan deastuts en ien persoan slim ferwûne, oerwaget om by de rjochter-kommissaris in fersyk yn te tsjinjen ta rekonstruksje fan it foarfal. Dat makke de advokaat tongersdei bekend by in pro-formasitting yn de rjochtbank yn Ljouwert.

Foto: De Vries Media

De 27-jierrige man wurdt derfan fertocht dat hy op 6 juny foarich jier yn in wente oan de Mounewei yn Mûnein in 44-jierrige ynwenner fan Almere deastuts en in 38-jierrige man fan Mûnein slim ferwûne. De man fan Almere wie op besite by in freon, it twadde slachtoffer.

De man fan Mûnein rûn 36 snij- en stekwûnen op yn syn holle, nekke, hals, rêch, earmen en skonken. De man koe ûntsnappe, syn freondinne wie út it rút sprongen. It deadlike slachtoffer hie 65 snij- en stekwûnen.

Needwar

Om dúdliker te krijen wat der krekt bard is, moat der neffens de advokaat fan de fertochte in rekonstruksje of fisualisearring komme. De fertochte soe bygelyks op it plak fan it delikt heard wurde kinne. De riedsman is fan plan om needwar te bepleitsjen foar syn kliïnt.

It Iepenbier Ministearje hie as sittingsdatum 8 april yn 'e planning, mar dy datum wurdt nei alle gedachten net helle, foaral net as der noch in rekonstruksje komme moat.

In psychologysk rapport soe pas twa dagen foar de sitting ôfrûne wêze kinne en dat is te koart dei foar de ynhâldlike behanneling, fûn ek de offisier fan justysje. De saak wurdt foar ûnbepaalde tiid oanhâlden.

Finzene mei pinne yn holle stutsen

Ein augustus hat de fertochte yn de finzenis yn Zwolle in oare detinearde mei in ôfslipe pinne yn 'e holle stutsen. Dat ynsidint komt as ekstra feit - poging ta deaslach - op de daging te stean. De fertochte waard nei it stekynsidint oerbrocht nei de Extra Beveiligde Inrichting (EBI) yn Vught.

(Advertinsje)
(Advertinsje)