GGD: thúswenjende 80-plussers kinne dei earder faksin helje

04 feb 2021 - 10:47

Tachtichplussers kinne freed al yn it WTC Expo yn Ljouwert telâne foar in coronafaksin. Dat meldt GGD Fryslân. It RIVM soe yn earste ynstânsje freed pas de earste faksinútnûgings foar dizze doelgroep de doar út dwaan, mar om't der romte oerbliuwt, kin de jongere groep earder in prip helje.

Foto: Omrop Fryslân

Begjin dizze wike begûn de faksinaasje fan 85-plussers. Dat ferrûn rapper as GGD Fryslân tocht hie. Dêrom kinne de 80- oant 85-jierrigen freed al delkomme. Dat is foarútrinnend op de útnûgingsbrief fan it RIVM dy't 80-plussers fan 5 febrewaris ôf ferwachtsje kinne.

Lanlik sjocht GGD-GHOR dat der op faksinaasjelokaasjes geregeld romte oer is. Tachtichplussers wurde ynformearre fia harren húsdokter, mar kinne sels ek in ôfspraak meitsje.

Fiif ekstra priklinen

Troch de beskikberens fan mear faksins fan Biontech/Pfizer kinne sûnt tiisdei eltse dei 700 mobile âlderen faksinsearre wurde. Dit wiene earst 275 deis.

Yn it WTC Expo wurde eltse dei 1.045 faksinaasjes set, by sawol âlderein as meiwurkers fan ferpleech- en fersoargingshûzen. De lokaasje hat tydlik fiif ekstra priklinen iepene.

Foar 80-plussers op de Fryske Waadeilannen jildt dat GGD Fryslân fan heal febrewaris ôf nei de eilannen ta komt om te faksinearjen.

GGD-dokter Everhard Hofstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)