Corona-útbraak op onkologyske ôfdieling MCL; 19 besmettings

It Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) stelt in opnamestop yn op syn onkologyske ferpleechôfdieling nei in útbraak fan it coronafirus. Op de ôfdieling binne trettjin meiwurkers en seis pasjinten posityf test op it firus. Dat makket it sikehûs bekend. De opnamestop duorret foarearst oant 8 febrewaris.
Corona-útbraak op onkologyske ôfdieling MCL
"Het MCL neemt maatregelen om de oncologische zorg zo goed mogelijk doorgang te kunnen laten vinden. De opnamestop duurt zeker tot 8 februari", seit it sikehûs. It MCL docht ûndersyk nei hoe't de besmettingshurd ûntstien is. "Daar hebben we nu nog geen duidelijk beeld van", seit it sikehûs. Om dêr achter te kommen, wurdt in útwreide boarne- en kontaktûndersyk dien.

Folslein isolearre

Om sa folle mooglik soarch trochgean litte te kinnen, is de onkologyske deibehanneling no folslein isolearre fan de ferpleechôfdieling. Op dy manier kinne pasjinten foar gemokueren feilich yn it sikehûs telâne. Posityf teste meiwurkers en meiwurkers mei mooglike coronaklachten binne thús yn karantêne.

Sneltest

Alle meiwurkers dy't op de ôfdieling wurkje, krije foardat harren tsjinst begjint in sneltest om der wis fan te wêzen dat sy gjin risiko foarmje foar eventuele fierdere besmettings. "Op de oncologische verpleegafdeling wordt nu met dezelfde isolatiemaatregelen gewerkt als op de corona-afdeling, met volledige persoonlijke beschermingsmiddelen", seit it sikehûs.
Frits Mostert, MCL
© Aise van Beets, Omrop Fryslân