Aldemardum belûkt ynwenners by ûntwerp foar eigen doarpsflagge

Aldemardum krijt ynkoarten lang om let in eigen doarpsflagge. Bewenners hawwe ôfrûne moandei in flyer yn de brievebus krigen, mei dêryn seis ûntwerpen foar de flagge. Sy meie de moaiste derút kieze. De eigen doarpsflagge is in inisjatyf fan Simon Slink en Henk Landsheer.
"Simon Smink rydt foar syn wurk it hiele lân troch en it foel him op dat in hiel soad doarpen in eigen flagge hawwe. Dus hy sei: wêrom hawwe we dy in Aldemardum net?", leit Henk Landsheer út.
Der kamen sa'n tweintich ynstjoerings fan minsken dy't wol in idee hiene fan hoe't de flagge der útsjen moat. Landsheer wie posityf ferrast: "Je moatte fan tefoaren mar ôfwachtsje hoe folle kreativiteit der opbuorrelet yn sa'n lyts doarpke." In sjuery makke in seleksje fan de bêste ûntwerpen. "Uteinlik binne der seis nominearre."

Soad kreativiteit

De kleuren grien, blau, wyt en giel kamen yn it grutste part fan de ûntwerpen werom, fertelt Landsheer. "Mar allegear op in hiel oare manier. It fernuvere ús dat minsken op sa'n soad manieren mei dy kleuren en symbolyk omgean."
De flyers binne by sa'n 1.370 minsken yn Aldemardum troch de bus smiten. Landsheer en Smink sizze hartstikke tefreden te wêzen as 1.350 minsken harren stim útbringe.
As de flagge der ien kear is, kin dy brûkt wurde by bygelyks de berte fan in poppe yn it doarp of as ien slagge is foar syn diploma. "Dat binne echt fan dy doarpsmominten, wêrby't in buert of strjitte de flagge úthinget en sjen litte kin dat se meilibje."

Subsydzje

De plannen foar de flagge wurde finansiere troch de provinsje. "Dy kaam oan it begjin fan de coronakrisis mei lytse subsydzjes foar inisjativen oangeande iensumens en mienskip", leit Landsheer út. "Wy tochten: as we der no in wedstriid fan meitsje, soarget dat foar ferbining. Dat hat goed útpakt. En as de corona aanst foarby is, kinne we dy flagge úthingje."
Henk Landsheer