Kollum: "Sûnde"

04 feb 2021 - 08:34

"'Na deze persconferentie zie je als mens echt weer de tunnel aan het einde van het licht.' Dat twittere kabaretier Claudia de Breij nei ôfrin fan de parsekonferinsje earjuster. It fettet dizze tiid wol aardich gear. Ik betocht dat it dêrom wol goed is om it op dit plak te hawwen oer wat moais. Want ik ha in nije en noch ûnbekende searje sjoen, wêr't ik tige fan ûnder de yndruk bin.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik seach 'It's a sin', in searje yn fiif dielen, makke troch it Britske Channel 4. It is in lytse twa wiken lyn yn premjêre gien, en hat in loovjende krityk krigen yn The Guardian. It is it ferhaal fan in groep freonen, tieners en tweintigers en foaral LHBT, dy't begjin jierren tachtich nei Londen ferhúzje. Moaie minsken, op alle manieren. De fiif ôfleveringen bestrike in perioade fan tsien jier, en dat is dan dus de perioade wêryn't hiv/aids harren libben hielendal oer de kop hellet.

It is dit jier fjirtich jier lyn dat AIDS offisjeel as sykte erkend waard. En noch altyd is der gjin medisyn foar. It duorre oant 1996 foardat der in kombinaasje fan medisinen wie dêr't je it firus mei ûnderdrukke kinne, dy't dan ek 'cocktail' neamd waard. Dat wie in omkear, want fan doe wie hiv gjin deadsoardiel mear. Dy medisinen binne sterk ferbettere, en yntusken is it sa dat minsken dy't hiv-posityf binne en de firusremmers brûke, oaren ek net mear besmette kinne. Der binne stappen set, mar dúdlik is al dat it mei corona in stik hurder gien is.

Yn 'e searje is it noch net sa fier. We sjogge hoe't de jongelju inoar kennen leare, mei as mienskiplike faktor dat se in homofobe wrâld achter harren litten ha. Se stoarte harren mei grutte enerzjy en entûsjasme op harren frijheid. Se gean út, fermeitsje harren mei eigenmakke kabaret, gean by inoar te wenjen, sjonge, dûnsje, sekse, studearje, wurkje en ha de tiid fan harren libben. Ik fyn it moai dat de searje dit sjen lit, want we witte fansels al lang wat harren te wachtsjen stiet, mar sa kinne je as sjogger je ynlibje yn de haadpersoanen. It binne jonge minsken sa't jonge minsken troch alle tiden west ha.

De searje is skreaun troch Russell T Davies, in namme dy't ûnder LHBT's bekend is om't hy de baanbrekkende searje Queer As Folk skreau, ein jierren njoggentich. Dy searje, yn elk gefal de Britske orizjinele, ha ik altyd sjoen as utering fan de renêssânse fan de homo-emansipaasje. Nei de Stonewall-rellen yn 'e jierren '60 en yn eigen lân it wurk fan minsken as Benno Premsela, kaam de hiv-epidemy, en krige de homomienskip ûngenedich op 'e donder. Lykas de âlderen en kwetsberen op it stuit mei corona. Doe't de cocktail der wie, fearre de homomienskip wer op, en giene der sunichoan minder minsken dea. De emansipaasje koe wer begjinne, en Queer As Folk wie dêr in fiering fan.

Yn 'It's a Sin' - de titel is in ferwizing nei it nûmer fan de Pet Shop Boys út 1987 - ûntdekke de karakters dat der wat oan 'e hân is. Dat der in sykte is dy't benammen homo's treft. Se leauwe it earst net: as dit echt sa wêze soe, dan soe it dochs oeral wol op it nijs wêze; it kin dochs net dat in firus detektearje kin wa't homo is; dit is te synysk om wier te wêzen! We belibje hoe't se yn in tiid fan ynstitúsjonele homofoby, en fansels ek sûnder ynternet, probearje om oan mear ynformaasje te kommen, wylst se sels noch altyd riskante dingen dogge, of dien ha.

De rest moatte jimme sels mar even sjen; it is prachtich filme mei in soundtrack dy't respekt hat foar de tiid dêr't de searje yn spilet, mar tige goed klinkt yn 'e earen fan no. De lêste ôfleveringen kamen by my binnen as in mokerslach - dêr sjogge we hoe't der omgien is mei minsken dy't aids hiene. En de searje lit de ferskriklike gefolgen sjen dy't skamte oer homoseksualiteit ha kin. Dy refleksje is briljant.

It is nochal wat om in searje mei in firus yn it tema oan te befeljen yn dizze tiid. Mar it is sa moai makke, sa delikaat, en hat sa'n belangryk boadskip. Dit is in wichtich part fan 'e resinte skiednis. Foarljochting feroare wêzentlik, lykas frije seks, stigma's oer homo's en minsken mei hiv, en yn feite it libben fan elkenien dy't nei 1981 in kear seks hân hat. It stelt fragen dy't aktueel binne: hoe gean we om mei kwetsberen, mei siken en wat kin in firus feroarje oan ús libben yn 'e takomst. It falt noch net ta om de searje te sjen, want hy is krekt út en komt ein dizze moanne pas op HBO. Mar hâld dit yn 'e gaten, en set dy skrep. En wit dat der altyd ljocht is oan de ein fan 'e tunnel."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)