Boargemaster Fred Veenstra biedt ekskuzen oan nei drigemint om op te stappen

04 feb 2021 - 07:48

Boargemaster Fred Veenstra (CDA) fan De Fryske Marren hat woansdeitejûn syn ekskuzen oanbean foar syn emosjonele reaksje twa wiken lyn nei oanlieding fan in moasje dy't de VVD yntsjinje woe. Veenstra drige op te stappen as de VVD de moasje yntsjinje soe. Mei de moasje wol de fraksje it kolleezje bewege om mear neist as tsjinoer de boarger te stean en om by langrinnende konflikten in ûnôfhinklik ûndersyk op gong te bringen.

Burgemeester Fred Veenstra biedt excuses aan na dreigement om op te stappen

De VVD fielde him sjantearre troch de boargemaster syn drigemint. De fraksje hie woansdeitejûn in saneamd ynterpellaasjedebat oanfrege, wêrmei't se it kolleezje of de boargemaster befreegje kinne oer in ûnderwerp dat net op de aginda stiet.

De oare riedspartijen stipen it debat, mar hiene wol in soad krityk op de oanpak fan de VVD. Neffens harren hiene de boargemaster en de VVD mei elkoar yn petear gean moatten, yn stee fan de folsleine ried derby te belûken. "Wy fûnen dat wy hjir mei ús allen oer prate moasten yn it iepenbier", leit VVD-fraksjefoarsitter Ivo de Wolff út.

Moasje net skrast

"Ik was heel kwaad. Ik had tot tien moeten tellen. Het spijt me." Boargemaster Fred Veenstra hat yntusken syn ekskuzen oanbean foar syn emosjonele reaksje. "Dat is foar ús genôch. We hawwe it bepraat en dêrmei kinne wy der mei ús allen in streek ûnder sette", seit De Wolff.

Folsleine ferklearring fan boargemaster Fred Veenstra

De VVD skrast de moasje net. "Wy kinne no mei ús allen om tafel oer hoe't wy dy moasje opnij yn de ried bringe kinne. We moatte no sjen hoe't we dêr allegear bliid fan wurde en dat it kolleezje de eardere problemen oplosse kin."

Wannear't de moasje yntsjinne wurdt, is noch net dúdlik. Neffens De Wolff moat der earst noch oer de ynhâld praat wurde. "As dy klear is, komt dy wer opnij yn de gemeenteried."

Ferslachjouwer Ronnie Porte oer de riedsfergadering

(Advertinsje)
(Advertinsje)