Enoarme wachtlist MCL: tûzenen minsken wachtsje op operaasje
De wachtlist fan sikehûs MCL yn Ljouwert is oprûn nei mear as 4.000 minsken. In hiel ferskil mei de wachtlist fan foar de coronakrisis. Doe stiene der sa'n 1.000 minsken op de list. Ek yn de oare sikehûzen is dit probleem. Op dit stuit hat de helte fan de behannelingen in langere wachttiid sûnt it begjin fan de twadde weach. Dit docht bliken út sifers dy't Omrop Fryslân sammele hat.
Omrop Fryslân hat de wachttiden fan 82 behannelingen yn it MCL, Tjongerschans, Nij Smellinghe en it Antonius-sikehûs fan de ôfrûne moannen yn kaart brocht. Alle sikehûzen moasten yn de ôfrûne moannen de coronasoarch foarrang jaan. Hjirtroch wiene der te min bêden en personiel om de operaasjes en behannelingen trochgean te litten.
Hjirtroch is de wachtiid by goed fjirtich behannelingen oprûn sûnt it begjin fan de twadde weach. Neffens it MCL giet dit om operaasjes dy't yn alle gefallen seis wiken útsteld wurde koene, want spoedoperaasjes of operaasjes dy't binnen seis wike moasten, hawwe se noch wol gewoan útfiere kinnen.
De wachttiden dy't Omrop Fryslân sammele hat, litte it oantal dagen sjen dat ien wachtsje moat foar in klinyske behanneling yn de sikehûzen. Dat betsjut dat se opnaam wurde moatte yn it sikehûs. Hjirûnder falle swierdere operaasjes as in hertoperaasje, in dotterbehanneling en in knibbel- of heupoperaasje.
De wachttiden binne op de websides fan de sikehuzen publisearre neffens de lanlike NAZ-rjochtlinen. Dat betsjut dat de mediaan (middelste wearde) fan de wachttiid foar dizze behanneling oer de ôfrûne 120 dagen toand wurdt. Dat betsjut dat de stân yn bygelyks oktober 2020 de wachttiid oer de perioade july, augustus en septimber sichtber is.
Koartere wachttiid
Neist de operaasjes mei in langere wachttiid falt ek op dat in fjirde fan de operaasjes in koartere wachttiid hat. Tjongerschans, it sikehûs op It Hearrenfean, hat hjir yn in skriftlike reaksje wol in ferklearring foar: "Dit kan komen doordat de verwijscijfers zijn afgenomen omdat mensen met deze klachten minder vaak naar de huisarts gaan. Maar het kan ook komen doordat we sommige electieve (red. in operaasje út foarsoarch), operatieve behandelingen toch door kunnen gaan omdat hiervoor nog wel ruimte in het OK-programma is."
As we sjogge nei de gemiddelde wachttiid foar elk sikehûs, dan falt op dat de wachttiid yn it Nij Smellinghe yn Drachten it heechst is mei 71 dagen. It sikehûs is sûnt oktober begûn mei it ôfskalen fan planbere operaasjes. Op dit stuit binne alle planbere operaasjes útsteld en wurde de operaasjekeamers allinnich brûkt foar onkology, spoed en ferloskunde.
De operaasjes dy't yn elk sikehûs heech op de list stean fan útstellen, binne it behanneljen fan in ôfwiking fan it 'neustussenschot' en it pleatsen fan 'middenoorbeluchtingsbuisjes'. Neffens de parsefoarljochter fan Tjongerschans komt dit trochdat der gewoanwei in hiel soad minsken foar ynpland stean en meardere fan dizze behannelingen deis plakfine kinne. Dit betsjut ek dat as it coronafirus him deljout, dizze wachttiden gau wer fuortwurke wurde kinne.
Minsken sitte mei pine
De gefolgen fan dizze langere wachttiden is dat minsken mei pine net gelyk holpen wurde kinne. Sa ek Jan de Groot út Minnertsgea. Hy fergiet fan de pine, mar hat noch hieltyd gjin ôfspraak by it sikehûs. Krekt as tûzenen oaren stiet hy op de wachtlist by it MCL, omdat de coronasoarch op dit stuit foarrang hat. De pine is by De Groot op dit stuit sa slim dat hy net mear op syn bêd sliepe kin.
As it giet om heupoperaasjes duorret it yn de twadde weach by alle sikehûzen langer foardat je holpen wurde kinne. Yn it MCL giet it dan om 101 dagen, in taname fan goed in wike sûnt oktober. Mar yn Tjongerschans en Nij Smellinghe moatte minsken mear as de helte langer wachtsje as foar de twadde weach. Yn Nij Smellinghe wachtsje minsken no 84 dagen yn plak fan 56 en yn Tjongerschans ek 84 dagen no yn plak fan 49 dagen yn oktober. Yn it Antonius is de wachttiid net oprûn, mar de wachttiid is wol it heechst yn hiel Fryslân mei 126 dagen (18 wiken).
Letter dizze dei komt Omrop Fryslân mei in reportaazje fan Jan de Groot en de reaksje fan it MCL op de wachttiden. Wachtsje jo ek al skoften mei pine op in operaasje en wolle jo jo ferhaal mei ús diele? Stjoer dan in mail nei redaksje@omropfryslan.nl.