FNP ropt gemeenten op ta solidariteit yn ferset tsjin 'ûnearlike ferdieling' gemeentefûns

De FNP komt op gemeentlik en provinsjaal nivo yn aksje tsjin de yn harren eagen ûnearlike ferdieling fan jild út it gemeentefûns. Fraksjes yn sawol gemeenten dy't derop foarút as efterút gean, tsjinje moasjes yn. Boppedat wurdt der wurke oan in provinsjaal sinjaal rjochting Den Haag.
Baarch © Shutterstock.com
Yn in oantal gemeenten hawwe FNP-fraksjes al in moasje opsteld of se binne dermei dwaande. Dat docht de FNP yn gearwurking mei ferskate oare partijen. "We moatte no mei elkoar op de barrikade komme foar in earlike ferdieling fan it gemeentefûns", leit Sybren Posthumus fan de FNP-steatefraksje út. "Wy wurde hiel swier troffen troch dizze nije ferdieling. Dit kin net wier wêze en dit moat feroarje."

"Fryslân giet der 12,5 miljoen op efterút"

In grut oantal gemeenten dat al in swakke sosjaalekonomyske struktuer hie, giet der no noch fierder op achterút", ferklearret Posthumus: "It giet neist Achtkarspelen ek om de gemeente Ljouwert. Dy giet der hast fiif miljoen op achterút. En Smellingerlân trije miljoen. Yn totaal giet Fryslân der 12,5 miljoen op efterút. Dêr moat wat oan dien wurde."
Minister Ollongren hat tajûn dat benammen Fryslân en Grinslân de dupe binne fan de nije ferdieling fan it jild. Se jout dêr lykwols gjin dúdlike ferklearring foar, neffens Posthumus. "Je moatte echt de stikken goed trochnimme om derachter te kommen, mar it hat benammen te krijen mei nóch minder jild foar sosjale saken, lykas jeugdsoarch of húshâldlike help", ferklearret Posthumus.

Solidariteit

Guon gemeenten gean der just op foarút: Weststellingwerf, De Fryske Marren, Harns, de Waadeilannen en Súdwest-Fryslân krije der wat jild by de ynwenner. De FNP ropt alle gemeenten dêrom op om solidêr te wêzen mei inoar. "Benammen fanwege dy grutte finansjele problemen dy't der no binne, roppe we har op om harren solidariteit út te sprekken nei gemeenten dy't no nóch mear koarten wurde troch it Ryk."
Itselde probleem spilet ek yn Grinslân. De FNP hat noch gjin kontakt hân mei (suster-)partijen yn dy provinsje om ek in tsjinlûd hearre te litten. "Ek dy soene wy benaderje kinne om ek yn Grinslân yn opstân te kommen tsjin dizze ûnrjochtfeardige ferdieling fan it jild."
Sybren Posthumus (FNP)