Staasjejild op blik helpt it miljeu, mar "it is wer in ynvestearring"

Staasjejild op blik is supergoed foar it miljeu, dus altyd dwaan, mar in probleem foar in lytse supermerk. Dat seit Jellie Bijlsma fan de Spar yn Garyp yn in reaksje op de plannen takom jier staasjejild te heffen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Fan 31 desimber 2022 komt der 15 eurosint boppe op de priis fan blikjes mei as doel dat der minder op strjitte weismiten wurdt. It giet om alle soarten blikjes, fan bier oant frisdrinken.

"Wêr giet it blik oars hinne?"

Dat de ynfiering fan staasjejild in goeie saak is, betwivelet ek Bijlsma net. "It idee is supergoed, want wêr giet it blik oars hinne? As je it recyclje kinne, moatte je dat dwaan", seit Bijlsma. Se set wol in kanttekening by it hiele ferhaal. "Je sjogge it by de bierfleskes al. Der binne fleskes mei en sûnder staasjejild, mar je sjogge it ferskil net. Doch dan alles of neat."
By de ynfiering fan in minimale priis foar plestik pûdsjes, seach Bijlsma de effekten ek al "Sûnt dat betelle wurdt, ferkeapje wy minder. We brûke hast gjin plestik tassen mear."

Ynvestearring

It hat - foaral foar lytsere supermerken - lykwols ek grutte neidielen, seit Bijlsma. "Kwa logistyk, wêr moatte wy dat allegear litte? De romte by ús is minimaal, om dêr in grut obstakel del te setten, om dat blik fuort te krijen." Op hokker wize it blik ferwurke wurde sil, is noch net dúdlik.
Ek de finansjele kant fan it ferhaal soarget foar noed. "It is wer in ynvestearring dy't der tsjinoer stiet, dat moat wer út eigen bûse komme. En al it plestik dat wy ôffiere, moatte wy al foar betelje. Dus it kostet wol in protte."
Ferslachjouwer Willem de Vries by de Spar yn Garyp