Jildboete foar MVV-supporter nei diskriminearjen Cambuurspiler Issa Kalon

03 feb 2021 - 20:59

In 21-jierrige man út Maastricht hat in jildboete fan 350 euro krigen foar it roppen fan diskriminearjende dingen tsjin Cambuur-spiler Issa Kallon. Dat wie yn septimber by in fuotbalwedstriid fan MVV tsjin SC Cambuur.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Iepenbier Ministearje besleat de man nei strafrjochtlik ûndersyk de boete op te lizzen foar "discriminerende en beledigende uitlatingen". De Limburger rôp rasistyske teksten. Hy hat ûnderwilens ekskús oanbean. De oanklager betelle fuotbal liet earder al witte MVV net te ferfolgjen.

Trainer Henk de Jong fan Cambuur liet doe nei ôfrin fan de wedstriid witte dat er de rasistyske opmerkings fan de MVV-fans ôfkart. "Ik ha it der mei Issa oer hân. Yn it skoft ha wy efkes sitten, want dit rekket sa'n jonge. Mar it sinjaal fan de groep wie dat we trochspylje woenen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)