Noed oer lûdsoerlêst F-35; Steateleden komme yn aksje

03 feb 2021 - 19:15

Fryske steateleden hawwe noed oer it lûd fan de F-35. Sûnt it nije fleantúch fan de fleanbasis Ljouwert de oefeningen útfiert boppe Fryslân, binne der folle mear klachten oer it lûdsoerlêst. En as it oefengebiet no ek noch útwreide wurdt nei Drachten en It Hearrenfean, krije noch mear ynwenners, bisten en natuer lêst fan al it leven.

Foto: SRFotografie

Steateleden fan FNP, PvdA en GrienLinks stelle fragen oan it provinsjebestjoer. "Onze zorgen zijn best groot", seit Elsa van der Hoek, steatelid foar GrienLinks. "De F-35 maakt meer geluid dan de F-16. We willen dat de provincie een zienswijze indient voor de luchtruimherziening. We kijken ook wat we wat kunnen met andere gemeente en andere provincies. We moeten aan de bel trekken en in Den Haag om aandacht vragen."

It loftrom is net fan de provinsje "maar de leefomstandigheden van Fryslân is wel een taak van de provincie, en daarom komen we op voor de burgers en hun omgeving."

Der is wol haast by, de sjenswize kin oant 25 febrewaris yntsjinne wurde. "Dus het wordt wel tijd om iets te gaan doen. Er komen nog meer F-35's bij. Wat we kunnen doen is goede afspraken maken en kijken waarom er zoveel meer lawaai is en zorgen dat er minder overlast is en kijken hoe je het leefbaar houdt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)