Gjin perspektyf foar diskoteek nei ferlinging lockdown: "Doodvonnis voor nachtleven"

03 feb 2021 - 17:36

De ferlinging fan de lockdown komt ekstra hurd oan by de diskoteken. Sy binne al hast in folslein jier ticht. It bliuwt ûnwis wannear't sy wer iepen meie. Se stean efteroan yn de rige fan bedriuwen dy't iepen meie. "Als dit zo doorgaat, kun je zeker van een doodvonnis spreken," seit Erwin Hoogenkamp fan Club 1841 yn Snits. "We moeten perspectief hebben."

Gjin perspektyf foar diskoteken

"Al is het wat stil, welkom in de discotheek," begjint Hoogenkamp syn ferhaal as hy oer de lege planken fan syn bedriuw rint. Efter de baly wurdt it kofjesetapparaat oanset. "Koffie? Dit is het enige apparaat dat gewerkt heeft het afgelopen jaar," seit Hoogenkamp wylst er op in knopke drukt.

It apparaat bliuwt foarearst ek it iennige dat syn wurk dien hat. Troch de ferlinging fan de lockdown binne de diskoteken aanst in folslein jier op slot. Foar de sektor is it in grutte ramp. "Ik snap dat corona bestreden moet worden hoor", seit Hoogenkamp. "Maar geef ons dan tenminste iets van perspectief, we kunnen zo niet doorgaan. We hebben totaal geen duidelijkheid."

Erwin Hoogenkamp fan Club 1841 yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De frustraasjes fan Hoogenkamp binne te begripen. Troch de nije lockdown liket it dat diskoteken sels as lêste pas wer iepen meie. Alles hinget fêst oan de faksinaasjes. "Maar dat zorgt dan ook voor vragen," fertelt Hoogenkamp. "Want wanneer kunnen we dan los? Als de kwetsbare groep geprikt is of moet iedereen gevaccineerd zijn? Dat is nogal een verschil."

Erwin Hoogenkamp fan in diskoteek yn Snits

De wurden fan Hoogenkamp wurde troch meardere diskoteken yn de provinsje ûnderstreke. By TDF yn Berltsum soene se oars dit jier yn in oername sitte. "Mar je snappe dat in oername efkes opskood is," seit Hylco Reitsma. Hy wol yn de takomst it bedriuw oernimme. "Dus dit is in dûbelde klap. Mar it slimste fyn ik noch hoe't de oerheid mei ús om giet. We ha in protte inisjativen en moaie ideeën en dan lústerje se dêr net iens nei. Se skowe ús gewoan oan de kant."

TDF yn Berltsum - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Fraach bliuwt dus wannear't it nachtlibben wer op gong komt. "Je bliuwe altyd wol posityf, mar it moat net lang mear duorje," fersuchtet Reitsma. "As je ferline jier sein hiene dat ik in jier ticht moast, dan hie ik der fuortendaliks al oars oer tocht. Mar je hoopje no dat it wer op gong komt. We libje per wike."

(Advertinsje)
(Advertinsje)