FIDEO: Taarten bakke op skoalle yn Makkum

03 feb 2021 - 17:33

Slachrjemme klopje, besleek mikse en fondant útrôlje: de bern fan de Sint Martinus-basisskoalle yn Makkum ha dizze woansdei gjin rekkenjen of taal, mar se bakke taarten. De bern fan de needopfang dogge dat op skoalle, de rest fan de learlingen bakt thús. Mei dizze taarten fiere de bern dat de skoalle wer iepen giet.

Taart bakke op skoalle

De taarten binne saneamde 'freonskipstaarten'. De bern diele se út oan bygelyks in fersoargingshûs yn Makkum, oan in juf dy't jierdei is en ien fan de learlingen mei in hân yn it gips. Al sille de bern fansels ek in stikje priuwe fan har eigen bakte taarten.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(Advertinsje)
(Advertinsje)