Nije tydlike direkteur foar Natuurmuseum Fryslân

Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert hat in nije ynterim-direkteur oansteld. Roel Woering fan De Lemmer wie earder saaklik direkteur fan it Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof (2009-2014). Dêrnei wie er ynterim-manager en strategysk adviseur yn binnen- en bûtenlân.
Roel Woering © Frysk Natuermuseum
Woering krijt as wichtichste opdracht in op de takomst rjochte sûne ekploitaasje fan it museum te meitsjen.
It natuermuseum stiet de kommende tiid foar in drege opjefte troch besunigins fan de provinsje. Se krije in tredde minder oan subsydzjejild. Dat giet om in bedrach fan 2 ton yn it jier. Dêrtroch soe in tredde fan it personiel fuort moatte. Corona spilet it museum ek parten.
Yn oktober ferline jier krige direkteur Tom van Slooten troch de ried fan tafersjoch dien. De reden dêrfan is net bekend makke. Roel Woering is 1 febrewaris begûn oan syn opdracht.

Prachtich museum

Woering fynt it in prachtich museum mei in wichtige funksje foar it hiele Noarden, net allinnich as museum foar besikers, mar ek as sintrum foar kultueredukaasje en natuerwittenskiplik ûndersyk. Mear as de helte fan it tal besikers komt fan bûten Fryslân.
Woering is oansteld foar ynearsten in heal jier. It museum grutte finansjele problemen fanwege de koarting troch de provinsje. Woering wol no foarútsjen en de fraachstikken oplosse. It is net maklik, mar dêr bin ik foar, seit er. Op reedlike termyn wol er yn oerlis mei alle partijen in moaie takomst sjen litte. Hy wol dêrfoar oerlizze mei de provinsje, mei de brede polityk en de skoallen.
It museum hat wol coronajild fan it Ryk krige foar de miste entreejilden mei de ferplichte sluting.
Roel Woering