Hoe sit it krekt? De Waadaginda 2050 yn fiif fragen en antwurden

03 feb 2021 - 17:08

De ministers sette woansdei harren hantekening ûnder de Waadaginda 2050. Mar net elkenien docht mei. Hoe sit dat? Wy leine it foar oan ferslachjouwer Remco de Vries dy't it dossier op 'e foet folget.

Foto: Remco de Vries

1. Watfoar plannen stean yn de Waadaginda 2050?

Der stean gjin konkrete plannen yn. It binne útgongspunten. Hoe de kommende tritich jier mei it Waadgebiet om te gean. Der stean wol njoggentjin projekten yn. Dan giet benammen om proeven en foarnimmers. Ien dêrfan is in proef mei CO2-frij farren mei de boat fan Wubbo Ockels silliger.

2. Wat binne de gefolgen foar kustbewenners en agrariërs?

Direkte gefolgen binne der net, want it binne gjin konkrete plannen. Mar yn de útgongspunten stiet wol dat der wat barre moat mei it sâlte wetter út de Waadsee. Troch de hegere seespegel komt der mear oerlêst fan sâlt wetter. Der wurdt sjoen nei in oplossing dy't foar de natuer en de lânbou akseptabel is. Dat kin betsjutte dat sâlt en swiet wetter inoar binnendyks tsjinkomme, lykas by Holwert oan See.

Troch de hegere seespegel ferdwine sânplaten en kinne de fûgels nearne mear hinne. Der wurdt sjoen oft der binnendyks plak makke wurde moat foar Waadnatuer. Oft soks al of net akseptable gefolgen hat foar de ekonomy en foar de boeren wurdt besjoen.

3. Troch wa is it betocht en wêrom?

De Waadaginda 2050 is betocht troch it Ryk. It foarige langrinnende 'spoarboekje' foar it Waadgebiet is alwer sawat fjirtjin jier âld. De omstannichheden binne feroare, ûnder oare it klimaat. En mei de natuer yn it Waadgebiet giet it hieltyd minder. In koerswiziging is needsaaklik, as je dêr wat oan dwaan wolle. De haaddoelstelling foar it Waad sels is ek natuer. Dat is earder al fêstlein. Al it oare wat yn it Waad bart, mei net ta tefolle skea liede oan dy natuer.

4. Wêrom kinne de belutsen partijen it dêr net oer iens wurde?

De measte partijen binne it wol iens. Sa'n fyftich partijen tekenje foar de Waadaginda 2050. Mar seker twa dêrfan dogge net mei. De Waadferiening fynt dat der foarôf gjin heldere kar makke is. In grut tal boeren út Noardeast-Fryslân is benaud dat dizze aginda derta liedt dat it sâlte wetter aanst ek mear binnendyks komt. En dat de simmerpolders net mear bewarre bliuwe foar agrarysk gebrûk.

5. Hoe grut is de kâns dat de Waadaginda 2050 trochgiet?

De Waadaginda 2050 giet troch. De ûndertekening hat no woansdeitemiddei online west troch ûnder oare de ministers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en fan Lânbou en Natuer, troch de provinsjes, de measte gemeenten en de havens. It swiertepunt fan de konkrete plannen komt aanst te lizzen op it útfieringsprogramma. Dêryn moatte knopen trochhakt wurde.

Kommissaris Arno Brok

Trefwurden: 
Waadgebiet Waadaginda 2050
(Advertinsje)
(Advertinsje)