Staasjejild op blik is mooglik strop foar Elly Leijstra fan Brantgum

03 feb 2021 - 16:42

Fan 31 desimber 2022 komt der 15 eurosint staasjejild op blikjes mei as doel dat der minder blik op strjitte weismiten wurdt. It giet om alle soarten blikjes, foar bier of frisdrinken. Yn Nederlân wurde yn it jier 2 miljard blikjes ferkocht, 150 miljoen dêrfan bedarje yn it miljeu. Foar Elly Leijstra út Brantgum is dat minder goed nijs.

Foto: ANP

Se sammelet al jierren it guod yn foar in goed doel. "Dat goede doel is jild ophelje foar ûndersyk nei harsentumor. Ik ha sels twa harsentumoaren yn de holle en trije jier lyn bin ik begûn mei it sammeljen fan metalen. Dat bring ik by de izerboer en it jild dat ik derfoar krij, stoart ik op in aksjerekken", seit Elly Leijstra.

Se fynt dat der mear jild foar ûndersyk komme moat. "Der giet net folle jild nei sok ûndersyk, want yn it jier krije 2500 yn it jier dy diagnoaze. Ik hoopje sa 100.000 euro op te heljen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Dûbeld gefoel

Se hat in dûbeld gefoel oer it plan. "Oan de iene kant fyn ik it plan moai, omdat der minder ôffal op strjitte en yn it miljeu komt, mar foar my is it miskien wol in strop en krij ik gjin blikje mear binnen. Of minsken moatte my wol stypje wolle. Ik bin benijd hoe't it komt."

As se te fytsen of kuierjen giet, komt se altyd wol mei in pûdsje fol blikjes werom nei hûs. "It hat wol slimmer west. Troch corona is der minder jeugd mei de fyts nei skoalle, dat skeelt al hiel ein."

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn Brantgum

Elly Leijstra sit al oer de 31.000 euro hinne mei har aksje. "Ik bin no sa'n 3,5 jier dwaande. Ik wol dus de 100.000 helje omdat in ûndersyk starte faak sa'n bedrach kostet en dat it in jier as twa jier draaie kin. Hooplik komt der wat út." It jild giet net nei KWF. "Dat doch ik net. Dêr sit ek in direkteur dy't jild krijt en noch mear. Myn jild giet nei Stop hersentumoren. Dat wurdt rund troch Klaske Hofstee en al it jild giet dêrhinne. Dêr bliuwt neat oan de strykstok hingjen."

Hoe giet it mei Elly?

Se kin troch de tumoaren minder goed út har wurden komme en net tefolle prikkels hawwe. "Ik bin in posityf minske. Ik ha wol myn beheiningen mar dêr leare je ek mei omgean." Se fynt harsels oer it generaal net in swiere pasjint. "Ik bin noch net fan plan om dea te gean."

Se hat har ek opjûn foar de Onbeperkte Elfstedentocht en dan is har man har 'maatje.' "We soenen in berch beklimme, mar troch corona gie dat net troch. Oait hoopje ik noch wol in berch te beklimmen."

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn Brantgum (2)

Op tal fan punten yn de provinsje binne ynleverpunten, Mear dêroer is te finen op de webside fan Elly Leijstra www.blikjedopje.nl. Minsken kinne ek donearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)