HEA! Hingje yn 'e touwen
Klimme en klauterje: op de survivalbaan by de Grutte Wielen moatst alle spieren brûke om troch it parkoers hinne te kommen. Neffens eigener Marcel Copini is it ien grutte apekoai. De dielnimmers fine it machtich en guon binne bloedfanatyk.