Twadde Keamer wol sosjale wurkfoarsjenningen wer optúgje

03 feb 2021 - 15:14

Sosjale wurkfoarsjenningen wurde wer op 'e nij optuge as it oan in mearderheid fan de Twadde Keamer leit. It plan is tiisdei troch it CDA en de SP yn de Twadde Keamer ynbrocht. Yn 2015 waard de sosjale wurkfoarsjenning ôfboud yn it ramt fan de Partisipaasjewet. De bedoeling wie minsken mei in beheining oan it wurk te krijen yn reguliere bedriuwen. Wol wie der noch plak foar minsken dy't dat net kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Nei fiif jier liket de Haachske polityk ta ynkear te kommen. "De wûnderen binne de wrâld noch net út", seit Alex Bonnema direkteur fan Caparis oer de winsk fan de Twadde Keamer. Hy is der wiis mei dat se weromkomme op de eardere ideeën.

Leaver in meiwurker sûnder beheining

Hy sjocht wer in gruttere rol foar de sosjale wurkbedriuwen. Neffens Bonnema binne benammen de jongere minsken dy't de ôfrûne jierren net ynstreame koene by bedriuwen as Caparis, Empatec en NEF de dupe fan it beslút yn 2015 wurden. Bygelyks jonge minsken yn de leeftiidsgroep 17-28 jier dy't fan praktykskoallen komme en net terjochte kinne yn it gewoane bedriuwslibben. Bedriuwen kieze leaver foar in meiwurker dy't in pear euro djoerder is, mar dy't gjin beheining hat. Dus dizze jonge minsken falle no dus tusken wâl en skip.

Bonnema wit net krekt wêr't se bleaun binne. "Ik tink dat in diel gewoan thús sit. Dy minsken moatte je mei profesjonele begelieding nei in plakje besykje te krijen dêr't se jierrenlang ta harren rjocht komme."

Gemeenten ha gjin jild

De eigeners fan de sosjale wurkfoarsjenningen binne de gemeenten. Dy hawwe oer it generaal net folle jild. Dat kin in probleem wurde by de nije plannen. Der is troch it Ryk mei de oerheveling fan dizze foarsjenningen ek nochris besunige op de bydragen. Neffens Bonnema is it moai dat se yn wurden yn Den Haag no wer kieze foar in gruttere rol foar sosjale wurkbedriuwen, mar sille se ek mei sinten oer de brêge komme moatte.

Bonnema seit dat de 3 SW-bedriuwen al folle mear besykje gear te wurkjen om it wurk foar minsken mei in beheining better te organisearjen. Hy tinkt dat de trije Fryske bedriuwen ek mei inoar sykje moatte nei in antwurd oan Den Haag hoe't sy de takomst fan de sosjale wurkbedriuwen sjogge.

Alex Bonnema oer de plannen fan de Twadde Keamer

(Advertinsje)
(Advertinsje)