It Amelân fiert yn 2022 de befrijing mei spesjaal 75+2 feest

03 feb 2021 - 14:11

Op It Amelân sil dit jier gjin befrijingsfeest holden wurde. De kâns dat it feest wer net trochgean kin, is te grut seit de wurkgroep Bevrijdingsfeest Ameland. It wie de bedoeling om oan te sluten by it provinsjale befrijingsfeest, dat dit jier yn Fryslân organisearre wurdt ûnder de kapstôk 75+1. It Amelân set no yn op in 75+2 feest yn 2022.

Foto: Persbureau Ameland

Ferline jier stie der in hiel programma mei ferskate muzikale aktiviteiten en ferhalen op de planning. Dat koe doe net trochgean fanwegen it coronafirus. Wol waard der in spesjale befrijingsflagge útjûn. Fan 5 maaie oant 3 juny - it eilân waard op 3 juny 1945 befrijd - waard mei 300 fan dy befrijingsflaggen de frijheid fierd.

De organisaasje hopet no dat de coronamaatregels yn 2022 net mear yn it paad stean fan it fieren fan de frijheid. Dêrom is it beslút naam om dit jier gjin feest te hâlden. Wol wurde bewenners fan it eilân frege om de befrijingsflagge ek dit jier fan souder te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)