Bestjoerder ûnderwiisfakbûn: "Quarantainemaatregel is niet te handhaven"

03 feb 2021 - 13:45

De karantênemaatregel foar it basisûnderwiis sil nije wike foar grutte gaos soargje. Dat ferwachtsje direkteuren fan ferskate basisskoallen. It ûnderwiisfakbûn AOb is it dêrmei iens. "Een maatregel van niks, dit is niet te handhaven", seit noardlik bestjoerder fan it AOb Hayo Bohlken. Tiisdei makke it kabinet bekend dat de basisskoallen moandei wer iepen kinne mar dan wol mei dizze karantênemaatregel.

Bestjoerder ûnderwiisfakbûn: "Quarantainemaatregel is niet te handhaven"

By in besmetting yn it basisûnderwiis moat de hele klasse, ynklusyf dosint, fiif dagen yn karantêne. De learlingen meie dan net nei skoalle komme en se meie thús de doar net út. Nei fiif dagen kinne se test wurde en by in negative útslach meie se wer nei skoalle. Wolle âlders dy test net, dan komme der noch fiif dagen karantêne by.

'Kabinet in verkiezingskramp'

It ropt in hiel soad fragen op foar heiten en memmen, befêstiget Bohlken. Moat bygelyks de hele húshâlding yn karantêne, as der in besmetting is yn de klasse fan je bern? "Ik heb begrepen dat dat niet hoeft. Maar dat maakt het er niet gemakkelijker op. Je moet je zoon of dochter vijf dagen binnen houden, terwijl jij en de andere gezinsleden wel naar buiten mogen. Niet te doen." De bestjoerder seit dat it kabinet 'in een verkiezingskramp geschoten is. Ze hebben dit bovendien bedacht om de leraren tevreden en gerust te stellen'.

Hayo Bohlken

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

GGD

De GGD Fryslân lit yn in reaksje witte dat 'it út medysk eachpunt wei net altiten nedich is in klasse by in besmetting nei hûs te stjoeren, mar it regear hat it besletten'. Dat de GGD mei syn stânpunt ôfwykt fan it kabinetsbelied is net nij. Ek doe't it kabinet besleat de skoallen ticht te dwaan, fûn de GGD dat net nedich. Ut sifers fan de sûnenstsjinst docht bliken dat der oant no ta dit jier hast 50 besmettingen wiene by bern yn de basisskoalleleeftiid. Dat is likernôch 4 persint fan alle besmettingen yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)