COA: Snits poergeskikt foar permanint azc, goede ynboargeringsmooglikheden

03 feb 2021 - 13:21

Der moatte mear permaninte asylsikerssintra yn Fryslân komme. Dat seit de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar de opfang fan asylsikers, it COA. Der binne no al permaninte sintra yn Burgum en Sint-Anne, mar yn Snits soe ek ien komme moatte, yn de wyk Noorderhoek. Dêr stiet no al in azc, mar oer in pear jier soe dat ferdwine.

It azc yn Snits moat permanint wurde, wol it COA - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn 2016 is al besletten dat it azc yn Snits oant 2026 bliuwe kin. Der wurdt no praat oer in permanint stiennen sintrum. Snits is útkeazen omdat it dêr goed giet, seit COA-regiomanager Corina Deekens. Der binne in soad mooglikheden en foarsjenningen dy't ynboargering makliker meitsje. De gemeente Súdwest-Fryslân moat noch wol mei de plannen foar in permanint azc yn Snits ynstimme.

Balk bliuwt tydlik

It COA besjocht om de safolle tiid hoefolle asylsikers oft der binnen komme en past dêr de plannen op oan. Sa hawwe se gemeente De Fryske Marren frege oft it tydlike azc yn Balk twa jier langer iepen mei. Dat soe yn septimber tichtgean. De opfangorganisaasje fynt it net nedich dat yn Balk in permanint azc komt. Dêr folstiet in ferlinging fan it tydlike azc mei twa jier. Oft dat ek trochgiet, is noch net besluten.

Draachflak yn de buert

"We gaan eerst een haalbaarheidsonderzoek doen", seit Mark de Man, wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. "Pas in 2022 of 2023 komt er duidelijkheid, we kijken eerst naar de voors en tegens, of er draagvlak is in de wijk."

De buert is oant no ta wol posityf oer it azc. "De deuren zijn open en er is goed contact met de wijk. Er is een klankbordgroep, dat is voor ons een belangrijke gesprekspartner."

"Er is nog niks besloten, de eerste stap is om de gemeenteraad te vragen om een principe-uitspraak, zijn we bereid die vraag onder ogen te zien. Als college willen we graag een uitspraak van de gemeenteraad omdat die gaat over de planologische inpassing. Is het zinvol om de haalbaarheid te onderzoeken. Bij dat onderzoek betrekken we de mensen, ondernemers en instellingen. Het kan ook zijn dat het geen optie is. We hebben een open vizier en willen eerst de feiten op tafel hebben, daarna gaan we met de buurt aan de slag."

Wethâlder Mark de Man

Trefwurden: 
Snits COA asylsikersintrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)