Earste prik bewenners KwadrantGroep is foar frou Millenaar

03 feb 2021 - 12:36

We ha der yn Fryslân wer in earste prik by: woansdeitemoarn waard de earste faksinaasje set by in bewenner fan fersoargingshûs Parkhoven. Dat hûs is ûnderdiel fan de KwadrantGroep, dy't swier troffen is troch útbraken yn Berchhiem yn Burgum en 't Suyderhuys yn Surhústerfean. De prik gie nei de 79-jierrige frou Millenaar. "Het is maar een prikje, ik heb wel voor hetere vuren gestaan", wie har earste reaksje.

Earste faksinaasje KwadrantGroep

Millenaar wie dúdlik net ûnder de yndruk fan it setten fan de prik. "Ik ben blij dat ik nu beschermd ben tegen corona, alleen de belangstelling daar moet ik wel een beetje aan wennen."

Der wurdt fan alles sein oer it coronafaksin, mar hoe wurket it no eins echt en wat sit der allegearre yn? Earder makken we dêr dit lange artikel oer. En op de dei dat yn Fryslân it earste faksin set waard, makken we dizze útstjoering fan Fryslân Hjoed, mei longdokter Wouter van Geffen en sjoernaliste Martine van der Steege.

It earste coronafaksin waard set troch ferpleechkundige Ingeborg Bonnema, dy't foar it earst in faksin sette mocht tsjin it coronafirus. "It klearmeitsjen fan it faksin moast wol efkes oefene wurde, mar de prik is krekt as oars. It is moai dat alle minsken no faksinearre wurde kinne, it is in bysûnder momint."

Frou Millenaar en Ingeborg Bonnema oer it earste faksin

Yn totaal komme der 550 bewenners fan de soarchgroep yn oanmerking foar de faksinaasje. Sy wenje ferspraat oer 21 lokaasjes. Fan woansdei oant en mei freed gean der fjouwer teams by harren del om prikken te jaan. "Het is een heugelijk moment in deze sombere tijden. We zijn heel blij dat we kunnen starten", fertelt direkteur fan KwadrantGroep Jan Maarten Nuijens.

De bewenners dy't no faksinearre wurde binne kliïnten dêr't de KwadrantGroep medyske ferantwurdlikheid foar hat. "We hopen dat we hierna zo snel mogelijk de bewoners van de verzorgingstehuizen, waar de huisartsen verantwoordelijk voor zijn, kunnen vaccineren," seit Nuijens.

Oft it faksin te let komt foar de bewenners fan ûnder oare 't Suyderhuys en Berchhiem fynt Nuijens lestich te beäntwurdzjen. "Het is eigenlijk heugelijk dat we het vaccin nu wel hebben, laten we daar gewoon maar trots op zijn, en blij om zijn."

Direkteur fan de KwadrantGroep Jan Maarten Nuijens

(Advertinsje)
(Advertinsje)