Mentale sûnens op djiptepunt: "Mensen voelden zich nog nooit zo eenzaam, vermoeid of somber"

03 feb 2021 - 20:00

It giet net goed mei de mentale sûnens fan ynwenners fan Noard-Nederlân. Ynwenners fan de noardlike provinsjes jouwe harren libben op dit stuit in 6,9. Ofrûne simmer wie dat noch in 7,7 en oan it begjin fan de coronakrisis in 7,4. Dat docht bliken út sifers fan it Lifelines Corona-ûndersyk dat útfierd is troch it UMCG en de Ryksuniversiteit Grins.

Mentale sûnens op djiptepunt

Foar it ûndersyk ha sa'n 30.000 minsken sûnt maart 2020 njoggentjin kear in fragelist ynfolle oer harren fysike en mentale sûnens. De ynfloed fan de coronamaatregels is troch de hiele mienskip sichtber. Fan alle befolkingsgroepen is de geastlike sûnens no minder as yn it begjin fan de krisis. Boppedat binne der mear minsken dy't harren iensum of somber fiele.

Mentale sûnens is sammelbegryp foar tal fan gefoelens. "Denk aan moedeloosheid, angst, vermoeidheid en depressieve klachten. Wat we primair observeren is dat mensen zich nog nooit zo eenzaam, vermoeid of somber hebben gevoeld sinds het begin van de coronacrisis. Sinds maart vorig jaar hebben we dat al 19 keer gevraagd aan een hele grote groep deelnemers", Lude Franke, heechlearaar genetika oan it UMCG.

Jong folwoeksenen jouwe libben in 6

"Ongetwijfeld zijn er mensen die zich afvragen of zij de enigen zijn die vermoeid of somber zijn. Ons onderzoek laat onmiskenbaar zien dat deze gevoelens in iedere laag van de bevolking worden ervaren. Wellicht biedt het mensen enige troost dat zij niet de enigen zijn die op dit moment worstelen met de gevolgen van corona." Hy fûn de útkomst foar himsels ek wol treastryk. "Ik heb 3 jonge kinderen, werk thuis en moet ook zorgen dat het huiswerk voor school wordt gedaan. Ik merk ook regelmatig dat ik moe ben. Ik vroeg me af: stel ik me aan of hebben meer mensen dat? Ik ben dus blijkbaar niet de enige die dit ervaart. Dat biedt me troost."

Jong folwoeksen jouwe harren libben op dit stuit in 6,0, wylst dat fan 't simmer noch in 7,7 wie. Neffens de ûndersikers kin dat foar in part ferklearre wurde trochdat de maatregels harren swier reitsje, bygelyks troch online ûnderwiis en it fuortfallen fan de sosjale ynteraksje.

"Het lagere cijfer was wel te verwachten door alle zware maatregelen die nodig zijn. Er is nog maar weinig ruimte om elkaar te zien. We zien het laagste cijfer tot nu toe." Ek al kin de winterdip in rol spylje, de sifers binne wol werom te fieren op de corona. Neist de sûnens wol er ek wize op it belang fan de mentale sûnens. "Daar moeten we wel rekening mee houden. Ik hoop dat we ons met de vaccins wat beter gaan voelen."

Lude Franke

Foto: Shutterstock

Ekstra fraach by Veilig Thuis

Dat minsken it lestich hawwe yn de lockdown fernimme se ek by Veilig Thuis. Ofrûne wike waard jûns mear as 200 kear brûk makke fan de online chattsjinst fan de organisaasje. Dy tsjinst is, spesjaal foar de jûnsklok, iepen oant tsien oere jûns. Yn totaal kamen der ôfrûne wike hast 550 chatpetearen binnen.

Gewoanwei is de chat iepen fan 9 oant 5 oere. Veilig Thuis makket him bot soargen oer it effekt fan de coronamaatregels. It giet har dan benammen om de taname fan geweld by minsken thús.

"Troch de jûnsklok sitte minsken mear binnen en rinne de spanningen mear op, dêrom ha we de chat iepenset", fertelt Corrie van Dellen fan Veilig Thuis. "It belangrykste dat we dogge is lústere en we jouwe advys as se fragen hawwe by mishanneling. By slimme saken besykje we minsken om help te sykjen sadat de mishanneling ophâldt." De chat is leechdrompelich en anonym. "We sette it troch salang't de jûnsklok duorret."

Corrie van Dellen fan Veilig Thuis

Leare fan de resultaten

By it UMCG wolle se mei de resultaten fan it Lifelines-ûndersyk sjen nei maatregels yn de takomst: "De gedetailleerde informatie die we sinds het begin van de pandemie van deze grote groep Lifelines-deelnemers hebben verzameld over hun gezondheid, leef- en werksituatie, maakt onderzoek mogelijk naar risicofactoren om een COVID-19 infectie op te lopen en welke maatregelen welk effect hebben gehad. Hopelijk kunnen deze inzichten in de toekomst bijdragen aan maatregelen die een zo beperkt mogelijke impact op het welbevinden van Nederlanders hebben."

(Advertinsje)
(Advertinsje)