F-16 moat needlâning meitsje nei problemen mei lâningsgestel

03 feb 2021 - 11:24

Op de fleanbasis fan Ljouwert hat woansdeitemoarn in F-16 in needlâning makke. It tastel hie problemen mei it lâningsgestel. Dêrom moast it foar in fisuele kontrôle by de ferkearstoer del fleane.

In F16 - Foto: Shutterstock.com

It tastel is feilich op de grûn te kommen. De brânwacht koe de situaasje dêrnei ôfhannelje. It giet goed mei de piloat, lit de fleanbasis witte. It tastel is foar ûnderhâld nei in hangaar sleept.

(Advertinsje)
(Advertinsje)