Bewenners soarchynstellingen Liante meie wer mei-inoar kofjedrinke

Soarchgroep Liante, mei sân lokaasjes yn ûnder oare Drachten en Wolvegea, makket it wer mooglik foar bewenners om groepsaktiviteiten te ûndernimmen. Dêrby giet it bygelyks om mei-inoar in bakje kofje drinke en mei-inoar jûns ite.
De Warrenhove yn Drachten, ien fan de soarchsintra fan Liante © Google Street View
De soarchorganisaasje skriuwt op de webside dat bewenners inoar bot misse. Om't se op de lokaasjes fan Liante net te krijen ha mei grutte útbraken fan it coronafirus, seit Liante dat 'dit belangrijke onderdeel van het welzijn én welbevinden kunnen en willen we omdat het goed gaat weer voorzichtig oppakken.'
De besikersregeling wurdt foarearst net oanpast. Sjoen de Britske fariant fan it coronafirus fynt Liante dat net ferstannich, om't de measte besmettingen noch altyd troch 'verkeer van buiten naar binnen' oerdroegen wurde.