Frou mei bern yn Ljouwert ferskûle op húske wylst ynbrekker har hûs ynkomt

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 24-jierrige Ljouwerter oanholden. De man hie himsels tagong jûn ta in wente oan de Bongastate yn de stêd, wylst de bewenster thús wie. Hy wie ûnder ynfloed fan drugs en wie ûnrêstich en paranoïde.
© plysje
De frou dy't yn it hûs wennet koe harsels mei har bern op it húske ynslute. Dêrwei belle se mei de plysje. Doe't dy by it adres oankamen, wie de man al fuort. Hy koe letter oanholden wurde.