Kollum: "Risikojonkjes"

"Somtiden skynt yn de kloate-lockdown in fleurich ljochtsje. Sa sjoch ik op 't heden faker nei in fuotbalwedstriid as yn myn hiele libben as sportredakteur. Oerheden soargen der nammentlik foar dat de skoallen tichtgienen, mar dat der wol hieltyd fuotballe waard. Want dan is der altyd wol in fuotbalwedstriid op de telefyzje, en dêrmei kinne jo de minsken moai thús hâlde.
© Omrop Fryslân
"Dat fuotbal is wat oars as at it wie. It is krekt as binne it allegearre oefenwedstriden. Sa fielt it, om't der gjin publyk is. De spilers meitsje ûnderling en ek mei de tsjinpartij allegearre grapkes. Untspannen. Sels mei de skiedsrjochter wurdt wat ôflake, ek middenyn de wedstriid. En as der in corner naam wurde moat, stean se allegear mei-elkoar te gysgobjen yn it strafskopgebiet. De opruiïng fan it publyk is ferdwûn, liket it wol. Moai. Fuotballers hawwe suver mear wille as wy.
Want wy sitte thús. We wolle der net iens mear út, it is skrousk en it reint. Watte? Snie. Ferline wike freed waard it in kear yn it lêst fan de middei drûch. En wat barde der? Allegearre pearkes âlderein op 'en paad. Net mei in hûn, mei-inoar. Earm yn earm. Sa no en dan kamen se de buorlju tsjin. Dan raasden se efkes oer oardel meter hinne nei-inoar dat it dochs wol swiere tiden binne. Mar it wie suver in maitiidsgesicht. Moai.
We binne in begripend folkje. Der binne rûnom oer it algemien jongelju dy't de plysjes en winkels rampoai houwe. Ien helte fan de thússitters sprekt der terjochte skande fan. Se roppe lykwols net om it leger. Want de oare helte fan de befolking hat der wol wat begryp foar. Under it motto 'plonderje is fansels net goed, mar och de jeugd hat it al sa swier'. As se jong west hiene, hiene se der miskien wol tusken rûn. Dus wat dogge se. As de jeugd de winkel oan smots slein hat, gean se mei it ponkje rûn, sadat dy jonkjes de skea betelje kinne. Moai. Al heart hjir miskien wol in fraachtekentsje by.
De mienskip is nammentlik yn in jier nochal wat feroare. Wy wurde troch oerheden oproppen om mei te praten en dat fertale we daliks yn krityk. Neat is goed. De GGD swit him út de naad om ús aanst allegearre in prikje te jaan, mar in pear fan dy wite jassen jouwe ús gegevens oan in winkel. Dan krije wy spam op ús telefoan. No binne der al minsken dy sizze: 'Dan litte we ús net faksinearje'. Wêrom? Ik kaam eartiids wol yn in winkel en dan woe dy man my wat ferkeapje. Mar wannear't ik nee sis, wie it nee. Wat ynteressearre my it as ien myn e-mailadres hat, ik haw neat te ferbergjen. Hawwe al dy lju wol wat te ferbergjen, miskien? Dan binne it in soad.
Oer dy faksinaasjes. Fansels ha ik der alle begryp foar dat de skoalmasters en -juffers earst in prik hawwe wolle, foardat de skoalle iepengiet. Mar it binne de safolsten. En ik haw in probleem. Ik bin 70, haw in harsenynfarkt hân en haw astma. Ik bin dus in risikojonkje. Mar ik wurd hieltyd mear nei efteren krongen yn de prikrige. Lykas troch de ME, dy wol graach de plonderders mei in koartere as oardelmeter lange stôk slaan. Wy risikojonkjes hawwe gjin fakbûn of belangegroepearring. Der is net ien dy't lûd ropt dat dy risikojonkjes folle earder in prik hawwe moatte soene. No wurdt it mei de hjerst.
Risikojonkjes komme sa no en dan yn in sikehûs. Ik moast der lêsten ek wêze. It wie net earnstich, hear. Ik moast in heal oerke wachtsje. Siet yn de gong efter in mûlkapke. Seach tsientallen wurknimmers fan it sikehûs lâns kommen. Oars is dat in leven fan jewelste. No, allegearre in mûlkapke foar. En net ien lake. Se seine neat. Mar allegearre, allegearre hiene se de skouders del hingjen. Allegearre seagen se del. Raar gefoel.
Dy groep, dy hat it op 'e kloaten krigen en kriget it noch. Goed dat sy daliks in prikje krigen hawwe. Wy fuotballers, âlden, risikojonkjes, terroriste-aaiers of wa dan ek, moatte ús skamje dat we dêr net mear wurdearring foar hawwe. En inkeld oan ússels tinke."