Werferdieling gemeentefûns pakt net goed út foar Fryske gemeenten

03 feb 2021 - 07:51

De werferdieling fan it gemeentefûns, dy't minister Ollongren trochfiere wol, pakt net yn alle gefallen goed út foar Fryske gemeenten. Tsien gemeenten krije yn it útstel fan de minister minder jild foar elke ynwenner. Om't der in Fryslân ferskate gemeenten minder jild krije yn it plan, seit de minister nei te tinken oer mooglike kompensaasje.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Gemeenten krije jild út it gemeentefûns om harren oerheidstaken út te fieren. Troch in saneamde herijking troch te fieren, besiket de minister om de ferdieling fan it jild earliker te meitsjen.

Yn it útstel fan de minister moatte tsien Fryske gemeenten ynleverje. Sa soe Ljouwert bygelyks 40 euro de ynwenner minder krije, wylst Achtkarspelen der mar leafst 83 euro op efterút giet de ynwenner. Weststellingwerf, De Fryske Marren, Harns, De Waadeilannen en Súdwest-Fryslân krije der just wat jild by de ynwenner.

Plannen noch net definityf

De plannen fan Ollongren moatte noch wol beoardiele wurde troch de ROB (Raad voor het Openbaar Bestuur), de VNG (Vereniging van Nederlandse Gemeenten) en it nije kabinet.

De minister sjocht sels ek dat benammen gemeenten yn Fryslân en Grinslân rekke wurde troch de herijking. Se skriuwt dan ek yn in brief oan de Twadde Keamer dat 'in het bijzonder in Friesland en Groningen gemeenten zijn met forse nadelige effecten'. Se tinkt der dêrom oer nei 'in uitzondering in te richten. De feitelijke uitwerking van dit voornemen volgt na het advies van de ROB en de consultatie van de VNG. Definitieve besluitvorming over de invoering van de nieuwe verdeling is aan een nieuw kabinet'.

Boargemaster Leo Pieter Stoel oer de ferdieling fan ryksjild

(Advertinsje)
(Advertinsje)