Winterswimme yn iepen wetter: "Moai om eigen grinzen te ferlizzen"

03 feb 2021 - 07:22

Wylst in grut part fan Fryslân hopet dat de sleatten en marren fol komme te lizzen mei iis, wol Rinske Wyma leaver wat oars. Sy nimt alle dagen in frisse dûk yn it Mâlegraafsgat, in marke tusken Kollum en Ingwierrum.

Ein ferline jier begûn Wyma mei it swimmen yn it marke, mar it befoel sa goed, dat se it trochset. Ek mei de kjeld fan no. "Ik hie net tocht dat it my slagje soe om ek mei dizze temperatueren bûten te swimmen en troch te gean, mar oant no ta ha ik hjir hast alle dagen swommen", fertelt se.

"It is moai om te sjen dat dyn lichem it oan kin en datst ek alle kearen dyn eigen grinzen ferleist", seit Wyma. "As ik yn it wetter lis, fiel ik my frij en ferbûn mei de natuer. Ik fiel my der gewoan hiel noflik by en it is ek nochris goed foar dy."

Net samar dwaan

Wyma is der wis fan dat elkenien swimme kin yn kâld wetter, mar it is miskien net ferstannich om it samar te besykjen, as je it net wend binne. "Moatst dy goed tariede en der moat ek altyd ien mei dy mei foar de feiligens."

(Advertinsje)
(Advertinsje)