Klok werom yn Nyegea: "Echt de tand des tijds overleefd"

03 feb 2021 - 07:09

De ynwenners fan Nyegea krije woansdei it lûd fan harren tsjerkeklok werom. By in ynspeksje waard in pear jier lyn dúdlik dat it lieden fan de klokken net mear feilich wie en dêrom wie it tiid foar in nije opknapbeurt. Ferline jier is de klok dêrom fuorthelle. Woansdeitemiddei komt de klok werom yn it doarp.

Sa seach de tsjerke fan Nyegea der yn novimber út - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Neffens adviseur Henk de Vries, dy't it hiele proses begelaat hat, wie der benammen skea ûntstien oan de bongel fan de klok út 1381. "De klepel gaat natuurlijk van links naar rechts bij het luiden van de klok. Ga maar na, als dat honderden jaren achter elkaar zo doorgaat, ontstaat er schade aan de klok. Als je daar niks aan zou doen, gaat de klok uiteindelijk scheuren en komen er barsten in."

Henk de Vries oer de tsjerkeklok fan Nyegea

De klok fan Nyegea is ien fan de âldste fan Fryslân. "Hij ziet er ook bijna zwart uit, hij heeft echt de tand des tijds overleefd. Persoonlijk denk ik wel eens hoe dat toen is geweest. En dat in al die honderden jaren de klank niet veranderd is, dat toen ook al hetzelfde geluid over het land rond Nijega klonk, dat vind ik echt prachtig."

Trefwurden: 
klok tsjerke Nyegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)