Provinsje Fryslân wol miljoenen ekstra ynvestearje yn greidefûgelbelied

03 feb 2021 - 06:39

Om de Fryske skriezepopulaasje wer in bytsje op peil te bringen is seker 15 miljoen euro it jier nedich, stiet yn in notysje fan de provinsje. It jild is nedich om ekstinsiver buorkjen mooglik te meitsjen mei wieter lân en gruttere greidefûgel-biotopen. Deputearre Douwe Hoogland hopet op 10 miljoen euro yn 't jier fan it Ryk en in ekstra provinsjale bydrage fan 5 miljoen. "It is foar de skries net in pear minuten foar, mar in pear minuten oer tolven."

Ien fan greidefûgels dy't thús heart yn it feangreidegebiet; de ljurk - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Provinsje Fryslân beskôget in populaasje fan 10.000 skriezepearkes as it minimum. De ôfrûne jierren is it tal briedpearkes lykwols tebekrûn nei 6.700. Neffens deputearre Douwe Hoogland betsjut dat lykwols net dat it greidefûgelbelied fan de provinsje mislearre is. "Plas-dras wurket goed. Mar de stikjes greidefûgellân binne no te lyts."

Hope op 'in pear sinten'

De provinsje stribbet dêrom nei 'greidefûgelkearngebieten' en wol dêrfoar stikken lânbougrûn oankeapje en ôfwurdearje. Hoogland hat goeie ferwachtingen fan it Aanvalsplan Grutto fan âld-minister Pieter Winsemius en hopet dat de skries ek yn it regearakkoart fan it nije kabinet 'in pear sinten' krijt.

De evaluaasje fan it greidefûgelbelied fan de ôfrûne jierren is kritysk fan toan. Neffens de analyze moat it buorkjen folle ekstensiver wurde, mei in hegere wetterstân en in natuerliker ynrjochting fan it lân. Om dat te berikken wol Hoogland oerlizze en gearwurkje mei alle partijen. Ek mei de supermerken, want de boer moat wol syn brea fertsjinje kinne. "Eltsenien is nedich om de greidefûgelstân yn Fryslân te ferbetterjen."

Yn de hjerst belied

Provinsjale Steaten sil it nije greidefûgelbelied nei ferwachting de kommende hjerst fêststelle, mar op oantrúnjen fan de steaten wol Hoogland al it kommende briedseizoen in stikmannich 'pilots' útfiere. "In greidefûgel wol graach tusken de krûden rinne. We sille sjen moatte dat we dy gruttere krûderike biotopen wer foarinoar krije." Tagelyk is op sokke plakken ek 'predaasjebehear' nedich om foar te kommen dat de foks of de stienmurd alle skriezepykjes opfret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)