Hege Ried feroaret neat oan straf fersoarsaker 'hânremûngelok'

02 feb 2021 - 22:46

De Hege Ried fynt dat it Ljouwerter gerjochtshôf op de juridysk korrekte grûnen in oardiel jûn hat yn de saak oer it ûngelok wêrby't de 35-jierrige Daniël Postema, spiler fan VV Waskemar, om it libben kaam. Dat betsjut dat de straf fan in man út Grins, oardel jier sel en trije jier rydferbod, stean bliuwt.

It gebou fan de Hege Ried - Foto: ANP

De man út Grins siet mei Daniël Postema en noch twa minsken yn in buske yn Grins yn novimber 2016. De Grinzer luts oan de hânrem omdat er tocht dat se te fier trochriden wiene. It buske slipte en kaam tsjin de pylders fan in spoarfiadukt oan. Postema kaam dêrby om it libben, in oar rekke swierferwûne.

Ferskate tsjûgen hearden de Grinzer koart nei it ûngelok sizzen dat er oan de hânrem lutsen hie. Foar de rjochter ûntkende er dat. "Ik heb mijn handen op de handrem gelegd, niet om hem aan te trekken, maar misschien als grap. Later vond het ongeval plaats." Undersyk wiisde út dat it oanlûken fan de hânrem de oarsaak wie fan it ûngelok.

Oardel jier sel

De rjochter yn Grins feroardiele de man ta in jier sel en joech him in jier rydferbod. De man gong yn heger berop, it Iepenbier Ministearje die itselde. It hôf yn Ljouwert ferswierre de straf nei oardel jier sel en trije jier rydferbod. Dêrnei gong de Grinzer yn kassaasje by de Hege Ried.

Juridysk korrekt oardiel

Dy seit no dat it hôf yn Ljouwert op in juridysk korrekte wize ta in oardiel kaam is, wat betsjut dat de straf stean bliuwt. Dat skriuwt RTV Noord. De advokaat fan de Grinzer fûn it net terjochte dat it hôf de kwalifikaasje 'roekeloos' brûkte, mar de Hege Ried seit dat terjocht oardiele is dat it oanlûken fan de hânrem 'roekeloos' wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)