Provinsje jout 25.000 euro oan Frysk corona-ûndersykbedriuw

02 feb 2021 - 22:02

In Ljouwerter bedriuw dat in testkit ûntwikkelet om corona-ynfeksjes te ûndersykjen, krijt dêr 25.000 euro subsydzje foar fan de provinsje. It bedriuw, Biotrack, betocht foar de coronakrisis ek al allerhande wizen foar fluch en betrouber ûndersyk nei bio-organismen. De lêste jierren ek foar de medyske sektor. Troch de útbraak fan it coronafirus hat Biotrack yn heech tempo in nije testkit ûntwikkele om corona-ynfeksjes by pasjinten yn de gaten te hâlden.

Foto: Biotrack

De subsydzje dy't it bedriuw no krijt wurdt brûkt foar in metoade om fêst te stellen foar hoefier't ien ymmuniteit ûntwikkele hat. It projekt hat de titel 'Het complete beeld' krigen en mjit trije ûnderdielen: it nivo fan besmetting, de aktiviteit fan it firus en de ûntwikkele ymmuniteit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)