Duinen Zathe tsjin oanlis fan tweintich camperplakken yn Appelskea

Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea sjocht de oanlis fan tweintich camperplakken flakby syn terrein oan de Wester Es net sitten. De eigener fan it camperplak wol útwreidzje en boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf stelle de gemeenteried foar om dêr akkoart mei te gean. Mar de direksje fan Duinen Zathe is benaud dat it pretpark der lêst fan krije sil.
Duinen Zathe © Wikimedia Commons
It pretpark moat oan strange lûdsnoarmen foldwaan en is benaud dat dit aanst ek jildt as campereigeners kleie oer leven. De direksje wol dêrom swart-op-wyt hawwe dat der yn de takomst gjin oanfoljende easken komme, lykas in lûdswâl.
Op dit stuit binne der tsien camperplakken. De útwreiding soe yn noardeastlike rjochting komme moatte. Dêr moatte ek trije slûzen foar kuierders oanlein wurde.