Kolleezje Noardeast-Fryslân tekenet 'Waddenagenda 2050' foarearst net

02 feb 2021 - 22:40

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Noardeast-Fryslân makket in 'pas op de plaats'. Der is besletten om de Waddenagenda 2050 op 3 febrewaris net te tekenjen. Dat makke wethâlder Jelle Boerema tiisdeitejûn bekend op in spesjale gearkomste. Troch net te tekenjen wol it kolleezje tiid keapje.

Boeren protestearren tiisdeitejûn yn Kollum foar de ekstra riedsgearkomste - Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Moandei protestearre in groep boeren by it stedhûs yn Dokkum, om't sy benaud binne foar de maatregels yn it plan. Dan giet it benammen om ynlitten fan wetter yn it kustgebiet. Dat is goed foar de natuer, mar soe min wêze foar de lânbougrûn.

"We willen dat er meer recht wordt gedaan aan de inwoners van onze gemeente. Het college komt op een later moment terug, om te tekenen", sei wethâlder Boerema. "We gaan in gesprek met belanghebbenden in het gebied en willen in de informatievoorziening naar de burgers toe gaan verbeteren."

Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei wethâlder Jelle Boerema fan Noardeast-Fryslân

De boeren hawwe moandei in petysje oanbean oan de gemeente. Sy fine dat sy net genôch belutsen binne by de diskusje oer de plannen. As it wetter fan de see mear romte krijt, kin dat betsjutte dat de simmerpolders der ûnder strûpe. Tiisdeitejûn wie der ek in groep boeren by it gemeentehûs yn Kollum om te protestearjen tsjin de Waadaginda.

Druk fan boeren

"Het is een beladen avond, maar ook het opwerken er naartoe: het afgelopen weekend en gisteren hebben we toch turbulente dagen meegemaakt. Met heel veel reacties op de ondertekening van de Waddenagenda 2050. Niet alleen vanuit de gemeenteraad, maar ook vanuit de agrarische sector. In Dokkum was een behoorlijke oploop," jout wethâlder Boerema oan.

Hy jout wol ta dat de druk derfoar soarge hat dat de gemeente foarearst fan it tekenjen ôfsjocht. "De druk vanuit de raad en de agrariërs was groot, er waren veel vragen en onduidelijkheden. Over kustontwikkeling en verzilting was veel onduidelijk. Daarom is zo'n pas op de plaats beter in plaats van meteen te ondertekenen."

Fluch antwurden op fragen

De tiid dy't it kolleezje keapet is benammen om 'zorgen weg te nemen bij de agrariërs', seit Boerema. "Wij hebben gekozen om te ondertekenen vanuit onze verantwoordelijkheid: hiermee dienen we de belangen van de gemeente. Ook juist de agrarische sector. Maar met deze onrust zijn we blij met deze beslissing die we nu genomen hebben."

It betsjut wol dat der noch in beslút falle moat, want dat is no útsteld. "Het tekenen kan vrij snel. Er zijn twaalf overheden die tekenen, wij zijn de enige die het niet doen. De drie provincies en de gemeenten willen er graag bij aansluiten. Het ministerie, de provincie en de projectleider van de Waddenagenda hebben aangegeven: we willen jullie helpen om zo snel mogelijk antwoorden te geven en de zorgen weg te nemen. Zodat jullie ook met een gerust hart kunnen ondertekenen."

Waadferiening

De Waadferiening tekenet de Waadaginda ek net. Sy fine dat in dúdlike koers ûntbrekt. "It is gewoan in grabbeltonne oan belangen", ferklearret Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening. "Definsje hat in part redigearre, de yndustry, de havens, eltsenien hat syn belangen. Mar der wurdt hjir net útgien fan wat it gebiet nedich hat."

De Waadaginda 2050 beskriuwt hokker maatregels der de kommende jierren nedich binne om it Waadgebiet te beskermjen. Dêrby wurdt der sjoen nei de klimaatferoaring, de enerzjytransysje en de rekreaasjesektor op it Waad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)