Undernimmers bliid mei ferromming, mar de hoop bliuwt op in exit-strategy

02 feb 2021 - 20:23

Folle mear as in lyts 'sprankje hoop' is it net wat de ûndernimmers no krije fan it kabinet. Dat seit Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord. Minsken kinne mei yngong fan takom wike bestellingen ôfhelje by de winkels, mar dat soarget net samar foar in folle gruttere omset, is de ferwachting.

Reaksjes fan Fryske ûndernimmers

"Het is een sprankje hoop, maar meer ook niet," seit Walstra oer de ferromming. "Het is heel fijn voor ondernemers en winkeliers. De deur kan weer open, men heeft weer contact met de klanten en kan de eigen waren onder de aandacht brengen. Maar als je het hebt over omzet, winst en resultaat, dan is het maar een klein druppeltje op een gloeiende plaat."

Exit-strategy

Elts stapke is der ien, mar Walstra sjocht benammen it leafst in better plan foar de lange termyn. "Wij hopen dat het kabinet de komende weken werkt aan een exit-strategie. Met een datum, een volgorde dan opening en met randvoorwaarden, waarmee we de economie toch weer open kunnen zetten." Oant dy tiid is sy noch hiel benaud dat der ûndernimmers omfalle. "Er zijn genoeg signalen dat er dit voorjaar faillissementen en grote klappen zullen vallen."

Foarsitter Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Boeken ôfhelje kin dus ek wer, fjouwer oeren nei bestelling. Rutger van der Velde fan de boekhannel yn Ljouwert hat mingde gefoelens, want minsken meie de winkels net yn. De saken moatte oan de doar wat ynrjochtsje. "Het maakt het er niet gemakkelijker op. Het is een stapje. Boeken langsbrengen of via de post sturen duurt wel heel lang. Dit geeft de mensen een mogelijkheid."

Rutger van der Velde fan boekhannel Van der Velde yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Margriet Terpstra hat in kleanwinkel yn Ljouwert. "We ha op it stuit in drive-through, aanst kinne minsken wer nei de winkels ta om in pakket op te heljen. Ik ferwachtsje der wol wat fan. It is better as wat it no is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)