Grutste soarch kabinet bliuwt Britske firusfariant: "Derde golf onvermijdelijk"

02 feb 2021 - 22:39

De grutste soarch foar de kommende tiid is en bliuwt de Britske fariant. Neffens premier Rutte komt dêr op dit stuit twatredde part fan de nije besmettingen wei. "Deze variant is anderhalf keer besmettelijker dan de klassieke variant van het virus." Sûnder de mutaasje fan it firus hie der neffens de demisjonêr minister-presidint mear ferromming mooglik west. "Maar we kunnen er niet omheen. Als we er niet naar handelen krijgen we straks de rekening gepresenteerd voor nu."

Foto: ANP

"We worstelen met grote dilemma's," sei premier Rutte. "De besmettingscijfers dalen, ook het aantal mensen dat in de ziekenhuizen ligt daalt langzaam. Maar tegelijkertijd wijzen alle doorrekeningen erop dat er een derde golf is die onvermijdelijk op ons af lijkt te komen. Met als belangrijkste oorzaak de Britse variant van het coronavirus." De lockdown duorret dêrom langer, oant 2 maart. Op 23 febrewaris folget in nije parsekonferinsje.

Risiko's op skoallen

De skoallen en berne-opfangen kinne nei 8 febrewaris wol wer iepen. "We zien over het algemeen dat besmettingen bij leraren en pedagogisch medewerkers vooral bij andere volwassenen vandaan komen," sei Rutte. Dêrom is in iepenstelling wer ferantwurde, fynt er. Wol moat as der ien posityf test wurdt op it firus, de hiele groep yn karantêne. En nei fiif dagen moat eltsenien him teste litte. "Dat is ingrijpend," seit Rutte. "Maar zo'n slot op de deur is echt nodig." De bûtenskoalske opfang en middelbere skoallen bliuwe foarearst wol ticht. "Daar zijn de risico's simpelweg te groot. Wel blijven de opvangen open voor noodopvang."

De maatregel foar de detailhannel om de saneamde net-essinsjele winkels te sluten hat yngripend west, seit Rutte. "Dat is een ongelooflijk hard gelag voor alle winkeliers, klein en groot."

Faksinaasje-efterstân ynhelje

It kabinet hat de 'rûtekaart' ek bywurke. Dy moat sjen litte wannear't guon maatregels jilde moatte. "Deze routekaart biedt houvast", seit minister De Jonge", maar dit is niet de laatste versie."

De Jonge tinkt ek dat Nederlân de efterstân by it faksinearjen rap ynhelje kin, mar hy warskôget ek foar nije ôffallers by de leveringen. "De eerste maanden krijgen we fors minder dan we hadden gedacht. Ook in de komende maanden moeten we ons erop instellen dat er tegenvallende leveringen kunnen zijn. Maar het ziet er nu naar dat er in het tweede kwartaal heel veel meer vaccins geleverd gaan worden. Dan hopen we het grootste deel van de mensen die kwetsbaar zijn beschermd te hebben, ergens in dat tweede kwartaal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)