Groep ûnderwizers set petysje online: iepenje skoallen pas nei faksinaasje

02 feb 2021 - 19:27

Sa't it no liket geane nije wike de basisskoallen en de berne-opfang wer iepen. Moai foar bern en ûnderwizers, soenen je sizze, mar dizze lêste groep makket har ek soargen. Sûnder faksinaasje dochs wer lesjaan oan bern, dat kin it tal besmettings wer oprinne litte. In groep ûnderwizers hat dêrom in petysje online set mei de oprop om de basisskoallen pas wer te iepenjen as alle dosinten in faksin hân hawwe. De petysje is al mear as 28.000 kear tekene.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ien fan de minsken dy't tekene hat, is juf Koosje Zeeders fan Akkrum. Sy jout al 40 jier les oan de basisskoalle. "Ik heb deze petitie ondertekend omdat ik het er heel erg mee eens ben: zonder vaccinatie niet voor de klas. We zijn zeven weken in lockdown geweest, we krijgen de Britse variant over ons heen en het is nog niet duidelijk of kinderen die variant nu wel of niet doorgeven. We moeten nu weer met elkaar in een klas zitten, terwijl we eerder geen contact mochten hebben."

Zeeders snapt ek wol dat bern en âlden de skoallen wer iepen hawwe wolle. "Maar wat gebeurt er als we straks weer draaien, het virus laait op en we moeten weer dicht? Daarom zou ik ervoor kiezen om eerst alle leerkrachten te vaccineren en daarna de scholen weer te openen."

Drege kar

In soad minsken hawwe de petysje anonym tekene, mar Zeeders net. "Ik ben het er volledig mee eens, dus ik zet m'n naam er onder. Het is jammer dat mensen er anoniem op reageren, maar het is ook aan hen."

Zeeders jout oan dat it foar har sels ek noch net dúdlik is wat sy aanst wol. En it sil noch wol efkes duorje foar't eltsenien in faksin hat. "Het is een dilemma. Ga je wel of ga je niet voor de klas staan? Dat zullen wij ook bespreken met onze directeur. Ik zit ook in een leeftijdscategorie die een risico met zich meebrengt."

Juf Koosje Zeeders fan Akkrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)