Middelber ûnderwiis ticht oant 1 maart, beslút oer jûnsklok falt letter

02 feb 2021 - 19:17

De lockdown moat oant 2 maart ferlinge wurde, dat kin net oars. Dat seit premier Mark Rutte. De Britske fariant fan it coronafirus is yntusken hast goed foar twa tredde fan alle besmettingen. "Zonder Britse variant zouden versoepelingen mogelijk zijn", seit Rutte. Wa't besmet is mei de Britske fariant, besmet yn trochsneed hast 1,3 oare minsken.

Foto: ANP

Middelbere skoallen bliuwe yn alle gefallen ticht oant 1 maart, seit de premier. Guon middelbere skoallen sjogge no hoe't sneltesten en ûnderwiis op oardel meter wurket. Dêr wurdt de kommende tiid nei sjoen. Op 23 febrewaris falt in beslút oer it middelbere ûnderwiis.

"Op school leren kinderen het best"

It is al wol dúdlik dat it basisûnderwiis en de berne-opfang op 8 febrewaris iepen kin. "Dat is een belangrijk besluit voor 450.000 kinderen in de opvang en anderhalf miljoen kinderen in het primair onderwijs en hun meesters en juffen. Op school leren kinderen het best", seit Rutte.

Der binne soargen oer de rol fan de bern yn it fersprieden fan it firus. Rutte seit dêroer: "Uit onderzoek van het Outbreak Management Team blijkt dat kinderen individueel minder bijdragen dan volwassenen. Dat geldt ook voor de Britse variant."

Der binne wol strange betingsten by it iepenstellen fan basisskoallen en de berne-opfang. "Bij een positieve test van één kind, gaat de hele groep inclusief leraar in quarantaine. Dat is ingrijpend, maar zo'n stok op de deur is echt nodig. Verder moeten we veel meer en intensiever testen, en komt er aangescherpt bron- en contactonderzoek."

Winkels iepen foar ôfheljen, mar: mei strange betingsten

It kabinet hat oan it OMT frege nei de risiko's as it om de detailhannel giet. De risiko's op besmetting binne neffens Rutte net hiel grut, mits it mar net te drok wurdt yn de winkelstrjitten.

Winkels meie fan 10 febrewaris ôf wer iepen foar it bestellen en ôfheljen fan guod. Wol hingje dêr betingsten oan fêst. Sa moat der fan hûs út al besteld wurde, dus online of telefoanysk. Ek moat it ôfhelpunt fan winkels bûtendoar wêze. Klanten moatte fan de winkels in tiidsslot krije om de produkten ôf te heljen en de besite oan it ôfhelpunt mei ek mar mei ien persoan tagelyk. Tusken it bestellen en it ôfheljen moat op syn minst fjouwer oeren sitte. Dat is neffens premier Rutte om 'funshoppen' tsjin te gean. Fierder moat der ek rekken hâlden wurde mei alle basisregels dy't al jilde, lykas de oardel meter ôfstân.

Neffens Rutte moatte winkels der goed op lette dat sy harren oan de regels hâlde. "Wie er niet aan voldoet, wordt gesloten."

Letter dizze wike dúdlikheid oer jûnsklok

De jûnsklok rint yn prinsipe op 10 febrewaris ôf, hat it kabinet earder al sein. It is noch net dúdlik oft dat sa bliuwt of oft de jûnsklok langer fan krêft bliuwt. Rutte: "Wat we zien, is dat het na 21.00 uur stil is op straat. We vragen het OMT om ons opnieuw te adviseren over het gehele pakket aan maatregelen. Dat advies verwachten we eind deze week." Dan moat ek mear dúdlik wurde oer de jûnsklok.

Understeande maatregels jilde oant minstens 2 maart (Rijksoverheid.nl):

  • Untfang thús net mear as 1 persoan fan 13 jier of âlder deis.
  • Gean maksimaal ien kear deis op besite by oaren.
  • Wurkje thús, allinnich minsken dy't essinsjeel binne foar in bedriuw meie nei it wurk komme.
  • Gean allinnich nei bûten mei minsken út dyn húshâlden of mei in groepke fan maksimaal 2 minsken.
  • Yn hiel Nederlân jildt in jûnsklok fan 21:00 oant 04:30 oere (hjiroer falt dizze wike noch in beslút).
  • By in útfeart meie maksimaal 50 minsken wêze.
  • De measte lokaasjes bliuwe ticht.
    • Winkels, útsein essinsjele saken. Bestelle en ôfhelje kin wol mei yngong fan 10 febrewaris.
    • Saken fan kontaktberoppen, lykas kappers, neilstudio's en seksynrjochtingen.
    • Teäters, konsertsealen, bioskopen en kasino's.
    • Bisteparken en pretparken.
    • Binnensportlokaasjes, lykas sportskoallen, swimbaden, sauna's.
    • Restaurants en kafees.
  • Underwiisynstellingen biede benammen ûnderwiis op ôfstân.
    • Basisskoallen en de berne-opfang geane op 8 febrewaris wer iepen.
    • Yn it fuortset ûnderwiis kinne praktykûnderwiis, lessen foar eksamenlearlingen en it ôfnimmen fan skoaleksamens wol op lokaasje.
    • Yn it mbû, hbû en wittenskiplik ûnderwiis meie eksamens en tentamens ôfnaam wurde op lokaasje en is praktykûnderwiis mooglik.
    • Yn alle foarmen fan ûnderwiis mei in útsûndering makke wurde foar it begelieden fan kwetsbere learlingen en studinten.
  • Foar bern fan âlden mei in krúsjaal berop is der needopfang op de basisskoalle of de berne-opfang.
  • Allinnich (para)medyske kontaktberoppen binne tastien.
  • Hotels binne iepen, mar restaurants en roomservice yn in hotel bliuwe ticht.
  • Minsken âlder as 18 meie allinnich of yn groepkes fan twa sporte. Dat mei allinnich yn de bûtenloft. Bern oant en mei 17 jier meie yn teams sporte en ûnderling wedstriden spylje, mar ek allinnich mar bûten.
  • Brûk it iepenbier ferfier allinnich foar needsaaklike reizen.
  • Bliuw yn Nederlân. Reizgje net nei it bûtenlân en boek gjin reizen nei it bûtenlân oant en mei maart.
(Advertinsje)
(Advertinsje)