Binnenstêdmanager Ljouwert hopet op perspektyf foar ûndernimmers

02 feb 2021 - 18:37

Sa't it no liket wurdt de lockdown ferlinge oant begjin maart, mar foar guon winkels komt der wol in lytse ferromming. Ek net-needsaaklike winkels meie iepen foar klanten, mar wol allinne om bestellingen ôf te heljen. "It is in lytse stap yn de goeie rjochting, mar foar in soad is it net genôch," seit de Ljouwerter binnenstêdmanager Hayo Galama. Hy mist benammen it perspektyf foar ûndernimmers.

De Kleine Kerkstraat yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Der moat in soad ferkocht wurde om alle skea wer goed te meitsjen, tinkt Galama. "It hinget der wol fan ôf hoe't je it ynrjochtsje. As je allinne de foardoar op in kier sette meie en in taske nei de klant smite meie, dan is it net genôch. Mar as je ek noch wat meinimguod ferkeapje meie, dan is it al in oar ferhaal."

Perspektyf

Undernimmers misse foaral it perspektyf foar de langere termyn. Galama: "Minsken sitte mei skulden en in efterrinnende omset. It is net dúdlik wannear't je wer wat fertsjinje kinne. Der is neat minder as in ûndernimmer dy't net ûndernimme kin. Je hawwe sels gjin ynfloed op je eigen posysje. Der moat nei myn idee in soarte stappeplan komme. Sa'n soarte kalinder hat der earder ek west, mar dy jilde al rap net mear. Mar dêr soene je perspektyf oan ophingje kinne. Bygelyks: as it tal besmettingen op in bepaald nivo is, kinne de winkels wer iepen."

Sûne bedriuwen

Galama fynt it skande dat no ek bedriuwen dy't oars goed rinne, in minne tiid hawwe. "Wat je sjogge is dat sûne bedriuwen ek yn de problemen komme, om't sy fêstrinne mei de finânsjes. De fergoedingen binne bêst, dat moat ik wol sizze. Mar je moatte altyd bylizze as ûndernimmer, je krije net in 100 persint fergoeding. It betsjut dat je hieltyd efterút kachelje. Je kinne net samar by de bank terjochte foar jild. En dan witte je op in gegeven momint net mear wêr't je it wei helje moatte."

Ljouwerter binnenstêdmanager Hayo Galama

(Advertinsje)
(Advertinsje)