Tsientallen klups moatte it iens wurde oer nij ûnderkommen op De Jouwer

Tsientallen kulturele en maatskiplike organisaasjes op De Jouwer moatte har útsprekke oer in nij mienskiplik ûnderkommen. It is de bedoeling dat se mei mekoar yn ien saneamd 'brûsplak' komme. De kommende wiken wurdt dêr mear oer bekend.
Brusplak De Jouwer
Der lizze trije senario's: sporthal De Stuit, nijbou yn it sintrum of nijbou by Swimfun. Op 18 febrewaris wurdt bekend hokker fariant de foarkar hat.
Ien fan de organisaasjes dy't driuwend ferlet ha fan in nij plak is de Nijjiersrevu. De lêste jierren sitte se op ferskate plakken, mar se wolle graach in nij fêst ûnderkommen.
"We hawwe in grutte repetysjeromte nedich, romte foar de dekôrbouwers en klaairomtes", seit Fokeline Papjes fan de revu. "Fierder krije we hieltyd mear eigen klean yn behear en ek hjir is romte foar nedich." Neffens Papjes giet harren foarkar út nei nijbou, mar makket it foar harren net út oft it yn it sintrum of oan de râne fan De Jouwer is.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Fokeline Papjes fan de Nijjiersrevu
'Samen koken, samen eten' is ek op syk nei plak. It is in inisjatyf dêr't nijkommers iten by siede en mei-inoar ite. Se sitte no yn de brede skoalle, mar dat is net it meast ideale plak.
De keuken is lyts en der is gjin opberchromte. " We hebben een professionele keuken nodig met ovens en met ruimte waar minstens acht mensen gezamenlijk kunnen koken", fertelt inisjatyfnimster Sylvia Peereboom.
Boppedat is der ek in grutte romte nedich dêr't sa'n hûndert minsken ite kinne. "Nieuwbouw aan de Sinnebuorren vlakbij het museum zou heel mooi zijn", sprekt Peereboom harren earste kar út.
Sylvia Peereboom fan 'Samen koken, samen eten'