FIDEO: Reedrydwille op de Ryptsjerksterpolder

02 feb 2021 - 18:25

Mei in graadsje boppe nul en sa no en dan wat snie weagje tsientallen reedriders harren dizze tiisdei dochs wer op natueriis. Koe it snein en moandei allinnich by de kanten op it tinne laachje iis, no ha riders by Ryptsjerk mear gelok. Al ha net alle riders de klean drûch hâlden. Op de Ryptsjerksterpolder setten tsientallen harren streken op de iisflier op in stik lân dat ûnder wetter set is. It is foarearst efkes de lêste dei dat it koe, fannacht bringt teiwaar myldere temperatueren.

Reedrydwille op de Ryptsjerksterpolder

(Advertinsje)
(Advertinsje)