IIsklup De Pein baalt fan stikken iis, mar hâldt hoop foar nije wike

02 feb 2021 - 16:59

De iisbaan yn De Pein lei der sa moai by. Mar foardat de iisklub der erch yn krige wie de iisbaan op ferskate plakken stikken makke troch bern dy't nei alle gedachten net wisten wat se diene. Sa tinkt alteast foarsitter Gerk-Jan Hylkema fan de iisklup. En dus is er nei skoalle gien om harren te freegjen der ekstra omtinken oan te jaan, want nije wike wolle se - as it in bytsje kin - eins wol ride.

De iisbaan fan De Pein - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Foar de jongste jongerein is it wol ferliedlik om op sa'n iisbaan te kommen en te boartsjen," seit Hylkema. "Dan moatte je ek by de kant del en dêr giet it iis stikken. Wy hawwe wat jongelju fan de baan helje moatten de ôfrûne dagen. Snein is it begûn. Sy meitsje it stikken en dat is ferfelend. Want sa komme wy der net."

Dêrom hat de iisklup besocht om de bern te warskôgjen. "Wy hawwe der oer neitocht: hoe pakke wy dit oan? De bern binne frij, net op skoalle. Sy strune bûten om. Dêrom hawwe wy in berjocht op Facebook smiten, om dochs wat minsken te berikken en te freegjen om net op de iisbaan te kommen."

6-8 sintimeter

Hylkema wol graach dat de iisbaan ree is foar it momint as der genôch iis is. "Der leit no miskien twa-trije sintimeter. Mar wy hawwe dizze wike ek in pear famkes fan de baan helle, dus der leit dochs mear as je tinke. Mar it is noch net fertroud. Wy moatte tusken de 6 en de 8 sintimeter iis hawwe om iepen te kinnen. Dat leit der no net. Mar nije wike wurdt it noch spannend."

Foarsitter Gerk-Jan Hylkema fan de iisklup yn De Pein

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Coronabeheiningen

Net alle iisbanen geane iepen, ek as der iis leit. Sa makke IJsbaanvereniging Frieschepalen bekend dat de baan dit jier sletten bliuwt. It bestjoer jout oan dat de coronamaatregels dreech te hanthavenjen. Dat wit ek Hylkema. "Wy sitte mei in soad beheiningen. Mar der leit in protokol en der binne ôfspraken makke mei de gemeente. As der wat kin, besykje wy it maksimale te dwaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)