Drugsprodusint 'fan fjouwer miljoen' yn Wânswert bliuwt langer fêst

02 feb 2021 - 16:40

De rjochtbank yn Ljouwert hat it foararrest ferlinge fan in Amsterdammer (47) dy't belutsen west ha soe by de produksje fan syntetyske drugs yn in drugslab yn Wânswert.

Foto: Plysje

It lab waard in jier lyn oprôle. De plysje fûn doe foar fjouwer miljoen euro oan drugs. De Amsterdammer waard ein oktober oppakt, by in plysjeynfal yn Grinslân. Dat wie by in drugslab yn Lucaswolde.

De plysje hat DNA-spoaren oantroffen fan de Amsterdammer yn it lab yn Wânswert. Se sieten op in gesichtsmasker en op in drinkbeker. Justysje wol de saak yn juny of july foar de rjochter bringe.

Trefwurden: 
plysje Wânswert drugslab
(Advertinsje)
(Advertinsje)