Dream komt út foar Michel Vlap: "Daar wil ik voetballen"

Lang hoegde Michel Vlap net nei te tinken doe't Arminia Bielefeld kontakt opnaam mei syn saakwaarnimmer mei de fraach oft de Snitser iepen stie foar in oergong nei de klup út Nordrhein-Westfalen.
Michel Vlap © Orange Pictures
"Ik heb de Bundesliga altijd een geweldige competitie gevonden, dus toen ik hoorde dat ik daar naar toe kon, had ik gelijk zoiets van: daar wil ik voetballen."
Vlap wurdt foar de rest fan dit seizoen hierd fan RSC Anderlecht, dêr't er troch blessueren en in coronabesmetting in wikselfallige earste seizoenshelte efter de rêch hat. Yn totaal kaam hy mar 11 kear yn aksje.
Voetballen tegen Bayern München, dat is toch de droom van elke voetballer.
Michel Vlap
RSC Anderlecht helle Vlap yn de simmer fan 2019 fuort by SC Hearrenfean en betelle sa'n 8 miljoen euro foar de Snitser. Mar Vlap koe de hege ferwachtingen yn Brussel net wiermeitsje. It earste seizoen waard hy mei 10 doelpunten noch kluptopskoarer, mar dit seizoen spilet hy ûnder Vincent Kompany opmerklik genôch folle minder. Dat is de reden wêrom't Vlap oanstjoerde op in tydlike oplossing. "Ik wil gewoon graag weer voetballen om mezelf verder te ontwikkelen. Ik ben nu op een leeftijd gekomen dat ik gewoon wedstrijden moet spelen."
Oer ynteresse hie Vlap yn alle gefallen net te kleien. "Er was inderdaad veel interesse, ook vanuit Nederland. Maar komend weekend spelen we tegen Werder Bremen en de week erna tegen Bayern München. Dat is toch de droom van elke voetballer."
Michel Vlap is no de twadde Fries yn 'e skiednis dy't útkomt yn de Bundesliga. De earste Fries wie Drachtster Nico-Jan Hoogma dy't fan 1998 oant en mei 2004 by HSV fuotballe.

Degradaasjestriid

By Bielefeld komt Vlap Mike van der Hoorn tsjin en ek Ritsu Doan, dy't hierd wurdt fan PSV. Bielefeld promovearre ferline jier nei it heechste nivo fan Dútslân, mar stiet no op it 16e plak. It sil noch in toer wurde om net te degradearjen nei de Twadde Bundesliga. De nûmer 17 en 18 degradearje streekrjocht út de Bundesliga. De nûmer 16 moat noch beslissingswedstriden spylje tsjin in klup út de Twadde Bundesliga.
Ik hoop dat ik tegen Bremen gelijk belangrijk kan zijn.
Michel Vlap
"Het wordt zeker pittig, maar ik ben een knokker. Ik wil Bielefeld erin houden. Ik moet zorgen voor creativiteit met goals en assists. Ik hoop dat ik tegen Bremen gelijk belangrijk kan zijn."
It aventoer fan Vlap yn Dútslân sil net langer duorje as in healjier, want Bielefeld hat gjin opsje ta keap. Syn kontrakt by Anderlecht rint noch oant en mei 2024.