Kâns op iis mei de dei grutter: Fabryk op De Jouwer hat genôch redens op de planke

Hieltyd mear waarminsken binne it der oer iens: nije wike krije we in froastperioade. De kâns dat we op'e redens komme wurdt mei de dei grutter. By it redensfabryk Zandstra op De Jouwer fernimme se al dat it by in soad minsken begjint te kribeljen.
Kans op iis mei de dei grutter
Dat de net-essinsjele winkels ticht binne, makket it der net makliker op. Mar neffens Marco Vlap fan Zandstra binne der in protte ûndernimmers dy't harren online-ferkeap goed organisearre ha: "Gelukkig zijn er een heleboel ondernemers die heel actief zijn via internet en zelf naar klanten toe gaan, dus wat dat betreft kan de actieve ondernemer zijn schaatsen wel kwijt".
© Kappers Media
As de waarsferwachting útkomt, hat Zandstra genôch redens op foarried lizzen. "Ze zijn allemaal al ingepakt, wij moeten er alleen voor zorgen dat ze coronaproof bij de winkels komen", seit Vlap.

Oare jierren

Oant no ta is der noch net in grut ferskil mei oare jierren flak foar in froastperioade, mar Vlap ferwachtet dat der wol in ferskil merkber is as it nije wike echt los giet. Dochs is er posityf. "Voor ons is het gewoon heel belangrijk dat er natuurijs komt en die vooruitzichten zijn heel goed. Vervolgens is het aan de creativiteit van de ondernemer om er voor te zorgen dat die de schaatsen verkoopt."
© Omrop Fryslân