Tal nije coronabesmettings lyk oan trochsneed, wol mear stjergefallen

02 feb 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 164 coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 26 mear as moandei, doe wienen it der 138. Gemiddeld komme der alle dagen 164 nije besmettingen by, sjoen nei de ôfrûne wike.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (40). Dêrnei komme Ljouwert (22) en De Fryske Marren (18). Yn dy lêste gemeente stiet ek wensoarchsintrum Suderrige, dêr't in útbraak is.

Seis stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren seis stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om twa ynwenners fan de gemeente Ljouwert, twa yn Achtkarspelen en ien yn Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân.

Der binne twa Friezen it sikehûs yn rekke mei corona. Dat binne ynwenners fan Súdwest-Fryslân en Dantumadiel.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 3.592 coronagefallen fêststeld. Dat is leger as it gemiddelde fan de ôfrûne wike, want dat leit op 4.090.

Britske fariant

De Britske fariant feroarsaket op it stuit twa tredde fan alle coronabesmettingen yn Nederlân, tinkt it RIVM. Se warskôgje dat "het versoepelen van maatregelen alleen met de grootst mogelijke voorzichtigheid kan". De Britske fariant is in stik besmetliker as de al bekende fariant.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)