Hast oardel miljoen euro coronastipe foar Fryske kulturele ynstellingen

Fryske kulturele ynstellings krije sa'n 1,4 miljoen euro coronastipe. De provinsje makke in ynventarisaasje en rûzing fan de skea yn it earste healjier fan 2020. It ministearje fan Ynlânske Saken kende it folsleine bedrach ta.
Hast oardel miljoen euro coronastipe foar Fryske kulturele ynstellings
Fryske kulturele ynstellingen krigen swiere finansjele klappen om't se harren doarren slute moasten yn ferbân mei it coronafirus. Se rûnen in soad ynkomsten mis. In part fan de ynstellingen koe streekrjocht op stipe fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip rekkenje, mar in grut part ek net.
Kultuerdeputearre Sietske Poepjes makke har yn Den Haag sterk om ek dy coronaskea fergoede te krijen. "De kulturele sektor is yn Fryslân fan grut belang. Foar de leefberens, foar it toerisme, foar de ekonomy", seit Poepjes.
Thomas Azier © Ronnie Porte
Neffens Poepjes giet it net allinnich om grutte eveneminten as Oerol of Welcome to the Village, mar ek keunstorganisaasjes, iepenloftspullen, musea en de hafabra. "Ik bin hiel bliid mei dizze erkenning fan de minister."
De provinsje ferdielt it takende bedrach oer ynstellingen dy't troch de provinsje subsidiearre wurde lykas Natuurmuseum Fryslân, it Fries Landbouwmuseum, Opera Spanga, Kunstacademie Fryslân, Jeugdteaterskoalle Meeuw, dûnsselskip Ivgi & Greben, Oranjewoud Festival, Museum Dr8888 en Friesland Pop.
Kultuerdeputearre Sietske Poepjes