Regionaal fuotbaltoernoai moat kompetysje ferfange foar measte amateurs

Foar de amateurfuotballers dy't útkomme yn de saneamde B-kategory giet de kompetysje dit seizoen net mear fierder. Sadra't de oerheid tastimming jout, begjint de KNVB mei lytsskalige regionale toernoaien.
© Orange Pictures
By de nije Regio Cup binne de reisôfstannen minder lang, en de kâns op lokale derbys is grutter. "Nei al dy moannen wol elkenien stomme graach wer fuotbalje, en wy wolle dêr alle mooglikheden foar benutte", seit amateurdirekteur Jan Dirk van der Zee fan de KNVB.

Heechste difyzjes kinne miskien wol troch

Foar de A-amateurs lizze der noch wol senario's op tafel om fierder te gean mei de kompetysje, dy't al sûnt oktober stil leit. Sa soe de earste seizoenshelte útspile wurde kinne, of der soene poules komme kinne. By de A-amateurs hearre ûnder oare de sporters yn de twadde en tredde difyzje, de haadklasse, de earste oant en mei fyfde klasse, en de heechste difyzjes by de foroulju en de jongerein.
In grutste part fan de 1,2 miljoen leden fan de KNVB spilet yn de B-kategory. Dêrfoar sjocht de KNVB gjin mooglikheden de kompetysje wer op te starten. Dy teams komme automatysk yn de Regio Cup. Hoe't dy der presys út komt te sjen, hinget ôf fan de maatregels fan it kabinet.

'Sporte is goed foar de sûnens'

Bern oant 18 jier meie noch normaal traine en wedstriden dwaan, mar foar elkenien dy't âlder is, jildt dat der allinne traind wurde mei yn groepkes fan twa. "We hoopje dat folwoeksenen aanst earst wer normaal traine meie", seit Van der Zee. "Fan dizze 600.000 fuotballers sitte der in protte thús. Se bewege hast net, wylst sporte yn de bûtenloft goed is foar de sûnens."
Om 19.00 oere jout premier Mark Rutte in parsekonferinsje oer de coronamaatregels. Dêrnei wol de KNVB in rûtekaart presintearje, dêr't de mooglikheden en deadlines op steane foar it útspyljen fan de kompetysjes.