Nochris 12 coronabesmettings nei grut testûndersyk yn Lemster wensoarchsintrum Suderigge

02 feb 2021 - 13:03

Noch njoggen bewenners en trije meiwurkers fan wensoarchsintrum Suderigge op De Lemmer binne besmet mei it coronafirus. Dat docht bliken út in grut coronatestûndersyk fan GGD Fryslân nei oanlieding fan it rap oprinnende oantal besmettings yn Suderigge. Alle bewenners en meiwurkers fan it wensoarchsintrum, ûnderdiel fan Zorggroep Hof en Hiem, waarden freed en sneon test.

Foto: Google Street View

It totaal oantal besmetings komt dêrmei op 24 bewenners en 16 meiwurkers. In lyts oantal bewenners fan Suderigge ferbliuwt op de corona-ôfdieling fan ferpleechhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean. De oare bewenners wurde op it stuit yn Suderigge fersoarge en ferplege. Trije bewenners binne ferstoarn. De sechstjin posityf teste meiwurkers ferbliuwe op it stuit thús yn karantêne.

Previntyf test

De besmettingen yn Suderigge rûnen, nettsjinsteande alle ekstra maatregels, rap op. Alle bewenners en meiwurkers waarden dêrom previntyf test. Dêrtroch binne meardere besmettings oan it ljocht kaam by bewenners dy't gjin klachten hiene. "Nu we alle besmettingen in kaart hebben kunnen we nog gerichtere stappen zetten. We hopen de trend zo te onderbreken", seit John van Arnhem, direkteur-bestjoerder fan Zorggroep Hof en Hiem.

Takom tongersdei docht GGD Fryslân noch in grut testûndersyk ûnder bewenners om de stân fan saken op dat momint te bepalen. Van Arnhem: "Naar aanleiding hiervan gaan we weer in overleg met de GGD om het verdere beleid te bepalen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)